10 - 09 - 2011 - In boek fan Warkumer Paul van Dijk
Renske wol stoer wêze!' is in optimistysk ferhaal oer in famke dat nei in nije skoalle giet, mar net goed wit hoe se freonen meitsje moat. Se wurdt holpen troch har pake en in monster. De Nar besiket de boel yn 'e war te stjoeren.
It boek is foar bern, foar pakes en beppes, foar heiten en memmen dy't graach foarlêze, foar ûnderwizers dy't de pestproblematyk besprekber meitsje wolle en foar eltsenien dy't fan in magysk ferhaal hâldt! It boek hat prachtige tekeningen, dy't ek troch de skriuwer makke binne. Foar ûnderwizers is der ek lesmateriaal beskikber by it boek. It boek leit no yn 'e boekwinkels en is fia de webshop fan de Afûk te bestellen. www.afuk.nl Sjoch ek ris op paulvandijk.afuk.nl

<< Terug
|