01 - 06 - 2011 - Warkums Agrarysk Erfskip
Jan Pieter Dykstra
Yn en deunby de stêd hawwe oant yn de jierren sechstich in aerdich tal boeren buorke. In lytse út ’e holle makke ynventarisaesje oer de jierren fyftich/sechstich komt op in fjirtich fan dy bidriuwen. Oer it ginnerael wienen dat binammen féhâlders, dy ’t harren kij by ’t simmer faeks op it strân, de Holle Mar of earne oars om de stêd weidzje lieten. Yn ’e lette hjerst waerden de bisten pas wer op ’e stâl setten. Ekonomysk arbeidzje wie oars, mar tiden hawwe tiden.Yn ’e maitiid hearden de boargers dan moarnsier dat de kij wer nei bûten brocht waerden. It balten fan ko - en minske om de boel in bytsje yn ’e stringen to hâlden – en it sukkeldrafke fan dy koubisten klonk oer de klinkerts fan de Wimerts.
Der wienen ek noch in stik of hwat oare boeren, dy ’t harren fé nea hoegden to forweidzjen, nammentlik de hinneboeren. Under mear Folkert van der Meer, Rein van der Wal, Rients Dijkstra en Rein Bajema bihearden ta dizze lytse groep. Op it eigen hiem, dêr ’t mannich húshâlding sels ek in pear hintsjes hie, hienen dizze mear profesjonele hinneboeren mânske hege hokken, dêr ’t tsientallen hinnen yn hâlden waerden. De aeijen gienen fakentiden nei in winkelman yn Warkum of waerden útsutele yn ’e stêd en omkriten. Foar dizze hinneboeren wie de hinnebuorkerij eins in soarte fan ‘twadde tûke’. Folkert van der Meer hie njonken hinnen nochal hwat skiep, syn buorkerij wie oan de westkant op it Noard. Nei wrâldkriich II hawwe dizze hokken sels in skoft as wente tsjinne foar ien of mear húshâldings. Letter hat der noch in fûgeltsjepark fan in sikere Schippers ynsitten, dat hiel offysjeel iepene is (1965) troch Kees Verkerk, de hurdrider.
Rein van der Wal (eastkant fan it Noard) moast syn hinnen forsoargje nei en foar syn deistich wurk as timmerman by de gemeente Warkum.
Rients Dijkstra (ek eastkant fan it Noard yn de buert fan it eardere weeshûs) siet hast letterlijk yn itselde boatsje, hwant hy wie molkfarder by it fabryk. Rein Bajema bigoun nei ’t er syn lanboubidriuw op it Strân oerdien hie, op syn hiem op it Noard – de âlde Cooperative Raiffeisen en Boerenleenbank - mei in hinnebuorkerij. Nei ’t er de piken en hinnen de doar út dien hie, binne de betonhokken forkocht en nei alle bitinken op in pleats yn it Heidenskip tolânne kommen, brûkt as weinhok of miskien stâl foar jongfé. Dan wie der ek noch in hinneboer likernôch op it Surein, nammentlik de famylje Hempel. Njonken en yn de lingte fan de tardyk Warkum-Boalsert stiene de karakteristieke hinnehokken yn de brede berm. Op dit stuit steane der, sa ’t op de hjirby printe foto to sjen is noch in pear tige forinnewearre resten fan dy hokken. It binne oantinkens oan in tiid fan bodzjen, mar hoe lang noch, hwant de tiid hâldt – sa ’t bikend is – gjin skoft…

<< Terug
|