18 - 05 - 2011 - Simmerjûnswille mei it skouke
Jan Pieter Dykstra
Benammen de fragminten út ‘Lytse histoarje fan langst’ de lêste literêre wetterslach dy ’t ferskynd is fan Bennie Huisman, foarme de reade jaachline yn it literêr-muzikaal programme dat de titel ‘it skouke fan pake’ mei krigen hat. Yn dizze roman kipet de skriuwer/muzikant/foardrager yn de persoan fan Thomas sels eins fan de bûkdelling ôf nei it libben dat er libbe hat of krekt ek net. Mar der sitte biografyske eleminten yn en dan kin yn sa ’n gefal gau it préfix ‘auto’ der foar oan taheakke wurde.
Wa ’t nijsgjirrich is oer dy skaaimerken kin better it niisneamde boek oantuge dan te seil gean op de oantinkens oan dy foarlêzen snypsnaren. Huisman wikselt dy lytse ‘sigentsjes’ út dat wurk ôf mei sankjes dy’t jin kwa muzikale útfiering bitiden suver forfarre litte nei it djippe suden fan Amearika, ea it lân fan dream en winsken fan ek hûnderten lâns-lju, dy ’t de sprong oer de greate puozze weagen. Ragtime-eftige begelieding fan himsels oan de piano, dan wer mei it mankelikense lûd fan syn akkordeon, komme de tiden fan Mark Twain oandriuwen dy ’t yn Huckleberry Finn en Tom Sawyer stâl krigen hawwe. Harksankjes brocht ek de Warkumer formaasje ‘The Doarmers’oer it fuotljocht. Dizze trije bitûfte muzikanten holden de jaadchline strak, stroffelen net oer de tûken, stikken pún dy’t it jaachpaad wolris op ûnferwachte plakken foar de trêders op beskúl lizzen hat. Ieke van der Wal-Bakker, Maarten Smit en Hille Faber hawwe sa te sizzen it patint op de lieten fan de Greonterpster dichter/skilder Gerben Rypma, ek in man dy ’t niget oan – en ûntsach foar - wyn en wetter hie. Dy op muzyk (Hille syn oanpart benammen) sette gedichten wiene in perfekte bagaazje yn it mei ek fan anek-doates en folksferhalen beladen skouke fan pake. Om op dy pake – fan 1889 – fan Huisman werom te kommen. Hy wie in man mei twa rjochterhannen en ien fan de skaaimerken fan dy betûftens om jin mei dy lichemsdielen in plakje yn de maatskippij feroverje te kinnen wie dat pake – els ek fan dy lytse beheining trochkrongen – sei dat hout altiid trochswit. Ek it skouke dat er foar syn pakesizzer makke, hie lêst fan dy eigenaardichheid. Mar dat is no ienris it risiko fan natuerlike materialen, woe pake dêr mar mei sizze.
Foar dy anekdoates en folksferhalen wie Douwe Kootstra de roergonger. Hy slûpte suver hoasfuotling oer de bûkdelling yn de Klameare, dêr’t it skouke yn in soarte fan arke feroare wie. Trêde mei gebeart en mimyk troch en bylâns it publyk dat geandewei syn ferhalen ûnder de betsjoening kaam en fyn gnys-kjend reagearre op in fyt of de clou fan in ferhaal. Bygelyks dat fan de fan syn wiif him tawinske waarmebroadsjedea fan de smid fan de Gerdyk, dat sûnder in protte tûkelteammen ferfard wurde kin nei it Sylspaed yn Warkum, of de omjouwing fan de haven fan Hynljippen. It skouke dat yn in goed wike troch Fryslân farket past prachtich yn it ramt fan simmerjûnswille. As besûnderheid kin skreaun wurde dat foar elke reis nije matroazen it haam fan de jaachline omstrûpe sille. Ek it spontane optreden fan in diel fan it auditorium, froulju dy ’t sjonge as klysters yn it koar fan de fiskersfroulju, wie in boppeslach en passe goed yn it programma. In moai inysjatyf fan de man dy ’t mei in eigen fersy fan ‘Roazen binn’road’- in hit út de jierren sechstich - al daliks de seal op de lije side krige en mei de wite walfisk Moby Dick fan Herman Melville Wybren Altena fan Makkum – dichter foardrager - muzikaal in libben joech en dat lykas de oare fan Huisman ynhierde opstappers mei fleur en faasje die.
It wie al by alven dat in antike Saab stadich de Alddyk opried folge fan de kontoeren fan it skouke fan pake, dat yn de turbulinsje fan de tsjintwurdige tiid en foar it gemak fan de reizger omtsjoend wie yn in lisfyts, dêr ’t de skipper, sa no en dan lavearjend, noflik op lizzend syn lêste krêften fan de dei romte joech. Krekt foar it spoar dûkte it ‘konvooi’ de bedelte yn, waard wei yn strewelleguod. Noch efkes knipten lampen oan, en wer út. It skouke wie foar in nacht te plak.
Bron: Workumer Krant Friso
 
Foto: Jan Pieter Dykstra
<< Terug
|