11 - 02 - 2011 - Nijsgjirrige útjefte Ald-Warkumer
Nijsgjirrige útjefte Ald-Warkumer
Yn 2010 bestie de feriening fan âld-Warkumers 55 jier. Dat waard betocht op de reuny, of sa ’t sommige leden dat neame, de Warkumer dagen. Oer dy feestlikheden hat dizze krante ridlik wiidweidich ferslach dien: It kofjedrinken, de jiergearkomste mei in tige goed besette seal yn de Klameare, ferdivedaasje mei in praatsje oer it fersetsmonumint en alles dêr om hinne, it teaterstik op de jûn en fansels de boattocht oer ús marren en wetters.
Wat in protte lêzers fan dizze krante miskien net witte is dat de Feriening in eigen ‘krantsje’ hat dat hast like lang bestiet. Yn dat periodyk ferskinend blêd (ornaris twa kear yn it jier) hawwe yn de rin fan de jierren in protte moaie ferhalen oer Warkum en Warkumers stien. Want, dat kin sûnder oerdriuwen sein wurde, tusken al dy leden sitte – en sieten – nochal wat ‘brijbekken’ dy ’t harren tige goed mei de pinne rêde kinne – en koenen. Noasket men yn dy krantsjes om dan kin men gewaar wurde dat der oer allerhanne saken skreaun wurdt. Om ’t in protte leden fan no net oer al dy lang ferlyn ferskynde krantsjes beskikke kinne, kaam it bestjoer op it idee om út al dy krantsjes it nijsgjirrigste te sammeljen. Tagelyk woe men dan besykje om in byld gear te stallen fan hoe ’t it yn de rin fan de jierren mei de feriening gien is.
Der waard yn Warkum in kandidaat fûn dy ’t wol aardichheid oan sneupen hat. Hy sette fol faasje útein. Mar sa as faker, ek hjir wiene tal fan stikjes dy ’t eins te goed wienen om wei. Sietie Schaafsma–de Jong, Gé de Jong-Vlas, Ru de Wit, de ferskate foarsitters, Groenhof, de floatfâd (de man dy ’t de boattocht regele), in Amerikaanske Warkumer en noch wol in piipfol oaren rekken yn hast elk nûmer wol oer in nijsgjirrich ûnderwerp (bygelyks it ferhaal út 1908 oer de Warkumer steur) op ’e tekst. Dus doe ’t it oereidzjen fan it tiidrek fan 55 jier ree wie, wie der in lape lân skuord, dy ’t net op tsien fel A4 passe. Hawar, it manuskript bedarre by it bestjoer op ’e tafel en dat kaam nei it harssenskrabjen oer hoe en wat, ta it beslút, dat it eins in moai boekje wurde moast, as jubileumpresintsje foar al dy trouwe leden. Henk Gorter, de man dy ’t op Warkum.nl foto’s fan doe en no set, waard frege oft hy by de tekst bylden sykje – en fansels beskikber stelle – woe fan Warkum en Warkumers. It risseltaat, mei in tige sfeerfolle kleurefoto fan Warkum sjoen fan de sédyk ôf (mei de nearne oars yn Jeropa foarkommende toer, tsjerke, Tillefonnebrêchjes) as omslach, kin besjen lije. It telt op A5-mjitte 46 siden, is printe op glêd papier by ‘ús eigen’ printerij Hunia.
Firmant Jeroen Kemker stie noed foar it ‘gesicht’ fan it boekje en de oare firmant, Henk Hunia, fersoarge it faktechnyske part fan it printen.
Alle leden fan de jubilaris hawwe it ûnderwilens thúsbrocht of tasjoerd krigen.
In nijsgjirrich stikje Warkumer skiednis, dat meast net yn de boeken foarkomt, bliuwt sa bewarre en dat is alhiel op de rekken fan de Ferineing fan âld-Warkumers te skriuwen. Hulde.

<< Terug
|