08 - 11 - 2019 - Ferhalejûn

Fan lofts nei rjochts Johan Bouwhuis, Jan Pieter Dykstra, Jetske Miedema en Hille Faber.
Ferline jier wie de ferhalejûn yn it kader fan LF 2018 (Kulturele-Haadstêdjier) in grut súkses! Rûnom yn Fryslân wiene de meast gewoane, bysûndere, nijsgjirrige, ynspirearjende ferhalen te belústerjen. Ek yn Warkum foel dizze âlde'winterjûne-nocht' tradysje goed yn de smaak en smakke wis nei mear. Dêrom binne de fjouwer Warkumer fertellers fan in jier lyn ek no wer graach fan de partij op de freed fan de Winterfair yn Warkum, freed 15 novimber.Dit jier wurde de ferhalen yn it Pottebakkershûs op de Merk foar jimme 'servearre' fan 17.00-17.30 oere en fan 18.00-18.30 oere. De tagong is fergees. Mar, lykas faak fermeld stiet, kom op tiid, want fol is fol. Nei de ferskillende smaken fan de ferhalen kin der, foar de leafhawwers, Iekker iten en neiprean wurde yn it Pottebakkershûs.
Der is in spesjaal Ferhalemenu gearstald: fegetarysk/ fisk. It is wol handich om fan te foaren hjirfoar te reservearjen. Dat kin tillefoanysk, 0515- 54 19 00, of fia de mail: riaoitpottebakkerhus. nl.
Hille Faber fertelt it ferhaal 'It gat yn 'e himel'. Jetske Miedema komt mei har makke ferhaal 'Foarby de myte'. Jan Pieter Dykstra nimt twa ferhalen mei: 'Skeppingsmyte fan de Aboriginals' en'Skeardersjonge'. Johan Bouwhuis nimt ús mei nei: 'Oarlochsjier Warkum'.
Bron: workumer krant FRISO
<< Terug
|