27 - 07 - 2018 - Jonge dichters fan Finster oer monuminten
Jonge dichters fan Finster oer monuminten

Santjin bern fan (aspirant)trijetalige basisskoalle lt Finster hawwe meidien oan in dichtwedstriid. De learlingen fan groep 7 hawwe dichte oer monuminten yn Workum. De wedstriid is organisearre as tarieding op Iepen Monumintedei (8 septimber). De bern krigen earder al in r0nlieding by de monuminten del om ynspiraasje op te dwaan (foto). De gedichten waarden beoardiele troch skriuwer en dichter Paul van Dijk út Workum, Jaring van der Veen (Stadsherstel Workum) en Dorien Hamstra (únderwiisbegelieding Cedin). De bern hawwe gedichten yn it Nederlansk, mar ek yn it Ingelsk en it Frysk skreaun. Ofrûne woansdei, 18 july, hat wethâlder Stella van Gent de priiswinners bekend makke. De winnende gedichten wurde op lepen Monumintédei foardroegen by skipstimmerwerf De Hoop. Dat monumint hat nammentlik in pear jier lyn de wedstriid wûn fan moaste monumint fan Súdwest-Fryslân. Bron: workumer krant FRISO
<< Terug
|