08 - 12 - 2017 - Ofsluting van fékeuring fan dit jier
Ofsluting van fékeuring fan dit jier
Ofskie fan Anja Kuipers en Durk Ybema

Jan Pieter Dykstra
Yn 1998 krige Durk Ybema in sit yn de doe noch bisteande Commissie van Bijstand fan de Fékeuringskommisje Warkum. Dat koe hast net oars as men syn libbensrin bisjocht, sei Kommisjeoarsitter Klaas Bakker freed-to-joun by de offysjele ôfsluting fan de edysje 2017 yn Sociëteit Noardeinde. Durk is yntroud (sûnt 1975 bliek letter op ’e joun) by de Van der Valk-dynasty. Dy spile doe, 1998, al mear as fyftich jier – en noch altiid - in promininte rol yn it Warkumer keuringsbarren. Twa jier letter waerd syn skoanheit earelid fan de Kommisje. Sa ’n eftergroun smyt forplichtings op, dy ’t Durk op syn eigen wize oppakt en ynfolling jown hat. Nou waerd nei 19 jier trouwe tsjinst ôfskie fan him nommen. De lêste jierren wiene muoi-sum omt er mei syn sounens yn tsjok waer rekke. Dat makke it bi-slút om to stopjen makliker. Soms, sei Bakker, seine wy wolris, Durk, kom hwat letter of slaen in kear oer. Mar dat sit net yn it bistke syn aerd en in minske hat rjocht op syn eigenaerdichheden. Koart oereidzjend: tige tank foar alles datst foar de Kommisje en de keuring dien hast. Ek Anja Kuipers-Kemker is yntroud yn in famylje dy ’t al fier foar de oarloch – en nou noch – mei fé nei de keuring komt. Yn 2002 kaem se yn de Kommisje. Dat jier gjin kij, mar pony’s omt de MKZ-maetregels fan 2001 (ek gjin kij) noch neidripten. Binammen har oanpart yn de ynterne Feestkommisje, dy ’t elk jier ynstallearre wurdt om dizze joun mei stal to jaen, is hast wol legindarysk. Ideeën by de rûs en it giet har net gau to mâl. Beide pommeranten moasten fansels foar it buordsje komme en krigen in fraei ‘konterfeitsel’, in portret mei de bikende koartswilige knypeach fan de hân fan Henk de Boer. It foel inkelde oanwêzigen op dat Durk der suver hwat Wiegeliaensk op stie… Foar Janke fan Durk wie der in moai bosk blommen; foar Anja har Julius in heale meter droege woarst. Boppedat tank foar de tiid dy ’t harren ‘sydsulvers’ yn de Kommisje stekke mochten.
De prizen waerden oan de fokkers mei in lytse karakteristiek fan de risseltaten útrikt troch Tseard Stellingwerf en Luutzen Stellingwerff. De ôffurdige fan hoofdsponsor Rabobank oerlange de priis foar de ko mei it bêste jaer, Olga 9, oan eigner maetskip Stellingwerff.
De feestkommisje hie de fordivedaesje om it ôfskie fan de beide útstappers hinne stal jown. Derta wie yn harren kommisjeforline omdold. Dat hie in tsiental fragen oan de seal opsmiten, dy ’t mei in ‘petsje’ op of ôf – in blau plastic hoeske foar de skuon, dy ’t yn it swimbad brûkt wurde – foar it goede antwurd kieze moasten. Dy ‘slach’ wie foar Froukje Dykstra fan Himmelom, ek noch – it sil pûr tafallich wêze – lid fan de Kommisje. Of hat it fenomeen matchfixing hjir poat oan de groun krigen?
Cineast Tjitte Ketelaar hie in ôflevering makke fan ‘Veekeuring TV’, mei Gettsje Stellingwerff as de
pleatslike Noraly Beijer. Yn de foarm fan fraechpetearen troch Kommisjelid Pieter Westra mei bisikers fan Keuringsdei krigen wy nochris in lyts weromsjoch op de dei. Boppedat hie er by twa ynstjûrders op it hiem west om in bidriuwspresintaesje to meit-
sjen. Arjen Kampen wie mei for-
tsjintwurdigers út it Bûtenhôf Theresa-laech op de Merk. De priis foar de bêste kolleksje, mei twa dames út dat laech, nûmer 512 en 521, en Ciska 127 en Jenny 137, wie foar him. De reservekampioen Jonge Keallen wie ek in Theresa, ntl. nûmer 575. Decennia tobek kaem heit Lolke mei Theresa’s foar it ljocht, ek doe kampioenen. De oare fokker wie famylje Jansen, It Surein, Parregea. Ek dy kaem mei in kampioen - rubryk Aldere Kij - thús, ntl. Juweeltje 188. Forline jier wie dizze klasbak kampioen by de Jonge Kij. Beide fokkers joegen in koart oersjoch fan hoe ’t harren bidriuwen har yn de rin fan de jierren ûntwikkele hawwe. Beide ha bewust gjin robot yn de stal boud. Se wolle sels de leije yn hannen hawwe as it om it melken giet. Alles tige ynoarder en oprêdden.
Yn syn wolkomstwurd trune Bakker de fokkers oan om harren bidriuwen iepen to stellen foar bilangstellenden. Neffens him is dat nedig omt der oer it ginnerael net like posityf oer boeren sprutsen wurdt. Op Keuringsdei litte jim oan tûzenen minsken sjen, sei sprekker, mei hoefolle omtinken en tagedienens jimme mei it fé dwaende binne. Jimme fokkerij is it bisjen wurdich, jimme bidriuwen ek. Imago, der draeit it om om saken foarinoar/foroare to krijen. Jimme binne fan greate bitsjutting foar ús ekonomy, by âlds wie dat al sa en nou noch. De féhalderij, suvel, ikkerbou, túnbou, fiskerij, hwat soe de wrâld der sûnder moatte?
Lit it folk, de toerist (hoewol: hjir en dêr forsûpt de wrâld der al yn) yn jimme moderne stâllen. Fortel dat dy kij topsporters binne, hwat dat bitsjut en hoe folle oandacht, leafde ensafh. it kostet om it safier to krijen. Juweeltje 188 (Jansen) is in Prima Donna, hat koartlyn it predikaet Excellent mei 90 punten helle. K Aaltje 99 fan famylje Stellingwerf-Valk, Koudum, sûnder mis de keninginne fan dizze keuring. Krige dit jier de CRV Rendemintspriis en hat koartlyn, 16 jier âld!!, definityf de Ster 3-kwalifikaesje bihelle, mei in jaer – 90 punten! - dat kwalik wryt of slyt toant. Dêr binne nou fiif kij in Nederlân dy ’t sa bikroand binne!
Machtich as de miggen komt it folk om jim kij en hynsders to sjen. In spektakel fan de boppeste planke. De keuring libbet troch jimme enthousiasme, dat is dúdlik. Gjin noed dat wy sa yn allle fleur de 120e edysje helje, mei sa bliek út it petear mei oaljekoekenbakker John Werkman yn ‘Veekeuring TV’ dan tagelyk 100 jier Oaljekoeken fan Koopal (bistiet al sûnt 1867) op de Wimerts. It bisleek foar in feestje wurdt al oer stind.
<< Terug
|