19 - 04 - 2017 - Wille mei 'lt Feestbist'
Wille mei 'lt Feestbist'

It Feestbist hat it earst mar swier mei de buorfrou, mor je moatte wol wat om elkoar tinke...
Set dyn feesthoed op en lit dy meinimme. Op tiisdei 25 april, yn 'e foarjiersfakânsje, spilet Teatergroep Knûkel út Warkum de jeugdfoarstelling 'lt Feestbist'. Op in prachtige lokaasje, nammentlik Op de Hoek fan de Stâl, Súd 154 yn Warkum.
'lt Feestbisft’is in enerzjike foarstelling oer in bist dat allinnich mar feestjes fiert. Der komt in bysûndere dei oan, want... hy is hast jierdei! Mar der is ien probleem: buorfrou. Dy wol koste wat it kost it feestje tsjinhâlde, om't se réstich yn 'e tún sitte wol. In fleurich ferhaal oer rekken hâlde mei elkoar. Mei live muzyk swinge lt Feestbist en syn buorfrou oer it podium. Rollen foar Renske de Roos en Jan Hoekstra. ln muzikale rolfoar Rudy Lobisch, Pieter Feenstra en Jurjen Faber. Technyk fan Johan Koopen, rezjy en teksten fan Paul van Dijk.
Teatergroep Knûkel en OEPS hawwe foar dizze foarstelling de hannen yninoar slein. Tuskentroch binne der wurkwinkels en kin der nifele wurde. De foarstelling begjint om 13.30 oere. Kaarten kostje 5 euro oan 'e doar. Reservearje kin ek: 06-20 27 88 01.
<< Terug
|