15 - 03 - 2016 - Earste ljipaai fan Súdwest-Fryslân is fûn
Earste ljipaai fan Súdwest-Fryslân is fûn
Jan Willem Postma fan Boalsert hat moandei 14 maart it earste ljipaai fan de gemeente Súdwest-Fryslân fûn. Hy fûn it om ongefear 11.40 oere by Sibrandabuorren. It Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW) hat befêstige dat it om in farsk aai giet. De melding fan it aaike by de BFVW wie krekt wat letter as dy fan it earste ljipaai fan de provinsje.
Boargemaster Hayo Apotheker ûntfangt Postma moarn (15 maart) yn it gemeentehûs yn Snits.
Hy krijt in oarkonde en in tientsje finerslean.
<< Terug
|