12 - 03 - 2016 - Feteranen
‘Feteranen’ mei Freark Smink en Joop Wittermans yn de nije Klameare te Warkum

Nei oanlieding fan de suksesfolle toernee fan ferline seizoen dit jier wer: Feteranen. In topprestaasje fan de twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans. Humoristyske dialogen en oandwaanlik spul. Mei in tekst fan Bouke Oldenhof yn in regy fan Jos Thie. Douwe A. Wybena en Sibbele Flapper treffe elkoar elk jier wer by de betinking fan de Twadde Wrâldoarloch. As de mannen hieltyd mear wrakselje mei har ferline as soldaat yn Yndië, reitsje sy de kontrôle oer harsels stadichwei kwyt. Mar harren post sille sy noait ferlitte.
Sneon 12 maart spilet ‘Feteranen’om 20.15 oere yn de nije Klameare in Warkum. Kaarten kinnen reservearre wurde fia www.nutworkum.nl.
<< Terug
|