07 - 03 - 2010 - It brûst in Boalsert
Tryater komt nei Marne College mei teaterfestival It Brûst
Fan 10 oant en mei 13 maart strykt Tryater del yn op it Marne College yn Boalsert mei it teaterfestival It Brûst. It is in nije toerneefoarm foar Tryater: it selskip stiet meardere dagen op ien lokaasje mei trije nije foarstellingen én in râneprogramma foar alle generaasjes fan in mienskip. Tryater krijt yn Boalsert brûzjende help fan learlingen en dosinten fan it Marne College. Hoewol't by it te parse gean fan it krantsje fan BOOG fermeld is dat Diplodocus Deks yn Sporthal Middelzee spilet, hat yn 'e rin fan de tiid bliken dien dat ek de nije gymseal fan it Marne poergeskikt is foar dizze foarstelling. Alle foarstellingen wurde dan ek op it Marne spile.
It Brûst omfettet trije nije Tryaterfoarstellingen: Dixi foar beukers, MOOF troch Jong Tryater en Diplodocus Deks foar folwoeksenen. De foarstellingen binne makke troch, mei en foar jong en âld, Frysktalich, Nêderlânsktalich en/of ynternasjonaal. Dêrneist is der in râneprogrammearing mei û.o. in brûzjende iepening op woansdei 10 maart om 15.00 oere (elkenien wolkom, tagong fergees!) en in polityk debat op tongersei 11 maart mei learlingen fan it Marne college en wethâldster Marijke Pieters om 18.15 (ek elkenien wolkom, ek hjir de tagong fergees). Sjoch foar it fierdere râneprogramma yn de Brûstkrante, te krijen op it Marne College of te downloaden op http://www.tryater.nl/upload/documenten/tryater_Brust.pdf.
<< Terug
|