07 - 03 - 2010 - 600 pompeblêden
600 kear Pompeblêden
It wie 1 maart 13 jier lyn dat de lokale Omrop fan Nijefurd mei har programma's útein set is. Ien fan de programma's wie al in pear wike oant proef draaien ûnder de namme "Pompeblêden". De programmamakker wie en is noch altyd Romke Kroandyk.
Romke, earder in bekende eterpiraat, kende it grutte ferlet fan Fryske muzyk op de radio. Syn programma bestie dan ek yn haadsaak út âlde en nije Fryske muzyk. Einst is dat noch sa en hat Romke in eigen, wat âlder, lústerpublyk opboud.
Alle ups en downs oer it programma en oer Romke kinne jo fine op syn eigen website dy te finen is op www.de-frisiana.nl . In protte ynformaasje, ek oer de RTN, is der oan te klikken. Klik op de knop "muzyk belústerje" en dan nei "pompeblêden" foar 2 eardere programma's kompleet mei de playlisten fan de programma's fan nei de simmerstop.
Op moandei 15 maart is it syn 600ste útstjoering en der giet Romke wat mei dwaan.Neist it reguliere programma fan 10.00 oant 12.00 oere bringt er in spesjaal programma tusken 14.00 en 18.00 oere. Hij ferwachtet in oantal Fryske muzikanten dy't lâns komme yn de studio en/of live ynbelje ûnder it programma. It programma is ek live te folgjen middels live streaming op de internetsite fan de RTN, www.rtn-nijefurd.nl.
Neist it programma Pompeblêden fan Romke Kroandyk binne der by RTN noch twa programma's dy't yn dy wike foar de 600ste kear útstjoere. Dit binne it programma 'Muziek Caroussel' fan Uilke de Vries en 'Buutenstaanders' fan Doede Bleeker. Ek sy sille yn dyselde wike de nedige oandacht bestede oan dizze mylpeal.
<< Terug
|