04 - 05 - 2015 - Jubileumfoarstelling Grûn yn De Lawei
Mei de Tryaterbus fanút Warkum nei jubileumfoarstelling Grûn yn De Lawei
It 50-jierrich jubileum fan Tryater wurdt grut fierd mei Grûn, in famyljekronyk oer it boerefermidden. Ira Judkovskaja skreau Grûn spesjaal foar de nije grutte seal fan skouboarch De Lawei. In monumintale foarstelling: it ferhaal fan 50 jier wurdt yn 4 oeren ferteld mei 16 akteurs fan 3 generaasjes yn 3 bedriuwen en 2 skoften.
Op snein 8 novimber lit it NUT Warkum in Tryaterbus út Warkum wei nei Grûn yn Drachten ride. De opstaptiid is om 12.15 oere, op de Merk. Ut en thús. Kompleet fersoarge. Kaarten á €39,50 binne fan 9 maaie ôf te bestellen op www.lawei.nl of 0512-335050. Freonen fan Tryater meie 4 kaarten bestelle foar €34,50 it stik. Wa’t no Freon wurdt fan Tryater foar €20,00 jiers hat it Freonejild der dus al wer út!
Grûn fertelt it ferhaal fan twa boerefamyljes út itselde doarp. De iene famylje is roomsk en hâldt al fjouwer generaasjes it boerebedriuw draaiende. De oare famylje is herfoarme, by harren waard it boerebedriuw yn de jierren santich fuortsanearre. De twa famyljes libje al trije generaasjes lang mei in fanselssprekkendheid óp en fán it lân dêr’t harren âlden en foarâlden libben. Mar yn in wrâld dy’t yn rap tempo feroaret komme der barsten yn dy fanselssprekkendheid. Oare ideeën, oare gewoanten trochbrekke tradysjes en de takomst wurdt ûnwis. Mar wat foar de âldere generaasjes wichtich wie, jildt ek foar de jongste generaasje: it libben moat libbe wurde, folút en fol oertsjûging.
Spilers: Freark Smink, Joop Wittermans, Joke Tjalsma, Aly Bruinsma, Thijs Feenstra, Hilbert Dijkstra, Tamara Schoppert, Nynke Heeg, Lourens van den Akker, Arnold Dijkstra, Raymond Muller, Aukje Schaafsma, Eva Meijering, Brecht Wassenaar, Marit de Weerd en Sjoerd Blom
tekst en regy: Ira Judkovskaja, foarmjouwing: Roos van Geffen, foarmjouwing filt: Claudy Jongstra, kostúmûntwerp: Linda Eijssen, muzyk: Peter Sijbenga, ljochtûntwerp: Koos de Vries, dramaturgy: Inés Sauer, regy-assistinsje: Tatiana Pratley
De kaartferkeap start op 9 maaie. Kaarten ynklusyf de busreis út Warkum wei binne dan te keap op www.lawei.nl of 0512-335050.
<< Terug
|