16 - 03 - 2015 - Nut presenteert 'Feteranen’
 Foto: Jan Bensliman
Feteranen’ mei Freark Smink en Joop Wittermans yn De Klameare te Warkum
Op freed 27 maart spilet ‘Feteranen’ om 20.15 oere yn De Klameare te Warkum. It is de twadde foarstelling fan Stichting Pier21, bekend fan ‘De Emigrant’. De Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de feteranen yn dizze neie foarstelling, dy’t skreaun is troch Bouke Oldenhof en regissearre wurdt troch Jos Thie.
‘Feteranen’ fertelt it ferhaal fan twa âlde feteranen dy altyd fochten ha foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch? ‘Feteranen’ is in Frysktalige foarstelling wêryn hilariteit en brekberheid, en herkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje.
Kaarten kinne reservearre wurde fia www.nutworkum.nl of bij het Boekhuis, Noard 17 te Warkum. Alle spyllokaasjes en -data (oant en mei maaie) stean op pier21.nl
<< Terug
|