14 - 03 - 2015 - Programma Presentatie boek van Henk Gorter
Programma ter gelegenheid van de presentatie van het boek Workum van Vroeger en Nu , Middenstanders in de periode 1960-1965 Auteur : Henk Gorter Uitgever : Hunia’s drukkerij op donderdag 19 maart 2015 in de Gertrudis kerk te Workum
1. ‘Intrada’ - C. Saint Saëns Siebe Bokma trompet en Harry Mast orgel. 2. Welkom. 3. Wer bin al dy winkels bleaun. Monique zang en Harry piano. sjongtekst op de wize fan "Waar zijn al die bloemen toch..." (Conny Vandenbos)
Wer binne al dy winkels bleaun, fan fyftich jier ferlyn Wer binne al dy winkels bleaun, welk' bin der fan oer Wer binne al dy winkels bleaun, altyd drok op sneon, mar och Wa fan ús wit dat noch, wa fan ús wit dat noch.
Wat dogge al dy sútlers no, fan fyftich jier ferlyn Wat dogge al dy sútlers no, wat dogge se no Wat dogge al dy sútlers no, meastal nei 't fabryk, mar och Wa fan ús deart dat noch, wa fan ús deart dat noch
Wer gongen al dy karren hinne, fan fyftich jier ferlyn Wer gongen al dy karren hinne, wer kamen se oant ein Wer gongen al dy karren hinne, in inkeld kaam yn 'e Waach, mar och Wa fan ús sjocht dy noch, wa fan ús sjocht dy noch.
Wer binne al dy winkels bleaun, fan fyftich jier ferlyn Wat dogge al dy sútlers no, wat dogge se no Wer gongen al dy karren hinne, alles lang foarby, mar och Wa fan ús wit dat noch, wa fan ús wit dat noch.... 4. Frank Dijkstra interviewt Henk Gorter. 5. Presentatie van het boek. Het eerste exemplaar wordt overhandigd aan meester Piet de Jager . Vervolgens overhandiging boek aan Mr. B. van Haersma Buma, burgemeester van Workum in de periode 1962-1970 en overhandiging aan Drs. H.Apotheker, huidige burgemeester van de gemeente Súdwest-Fryslân.
6. Doe eartiids ( op de wize fan Yesterday ) Monique zang en Harry orgel. Doe eartiids Warkum wie noch sa oandwaanlik lyts Fan 't Noard nei 't Súd, 'n foech eintsje op 'e fyts Oh, ik tink Oan doe eartiids
Sa foarby Waach, toer en tsjerke stean der noch, as nij Mar in protte freonen bin' al út 'e wei Oh, doe eartiids Wie sa foarby
Wa wit Wat ik die, wêr't sy wie Se sei it net Ik haw Noch sa'n langstm' elk jier Nei doe eartiids
Doe eartiids Tegearre wienen we altiten bliid Deun by elkoar, sa swiet, sa swiet Oh, ik tink Oan doe eartiids
Wa wit Wat ik die, wêr't sy wie Se sei it net Ik haw Noch sa'n langstm' elk jier Nei doe eartiids
Doe eartiids Tegearre wienen we altiten bliid Deun by elkoar, sa swiet, sa swiet Oh, ik tink Oan doe eartiids (Ja, ik tink oan doe eartiids)
7. Pauze. Koffie/thee en verkoop boek.
8. Lang lyn, Monique zang en Harry piano Allen refrein. Lang lyn (Op de wize fan Vrouger fan Ede Staal)
Wa hat net fan eartiids in doarp of in stêd, 'n Namme dy't in bult betsjut. Dêrst boartest as bern yn dyn wrâld noch sa lyts, Al dreamend komst dêr faak wer út. Foar de ien is it Tsjerkwert, Wytmarsum of Harns, Foar de oare Nij Beets, Aldeboarn, Of Hylpen, Nijhuzum, Piaam, Gaast of Warns, 't Âld stee lûkt dy altyd wer oan.
Refrein ALLEGEAR Lang lyn, dat 's lang lyn. Wat fljocht de tiid dochs om. Pas asto âlder wurdst. Ja dan komt alles werom.
It lok fan dyn jeugd sjochsto letter pas yn. Dus einlikst bist altyd te let. Asto earne bist en 't wurd eartiids dat falt. Dan wurdt 't gauris waarm om dyn hert. Doe hong op it húske de Ljouwerter Krant. Smakke ranje as no jus d'orange. Op snein apenuten dat wiene ús chips. Ja eins wie 't ús gau bêst genôch.
Refrein ALLEGEAR
Ik sels kom fan Warkum mei't Soal en de Mar. It molkfabryk en de Âlddyk. Ik sit op myn praatstoel dat wol 'k einlik net. By jûn wurd k’dan sa mankelyk. We ieten doe noch potstro en beannen út 'e wek. Sambrinco's dy spiel,n yn 'e kroech Doe seine we meast net: "Do bist my der ien", We seine gewoan: "Bist 'n âld sek".
Refrein ALLEGEAR
9. Frank maakt een kuier door Workum, met anekdotes.
10. Nea wer, Harry piano en Frank ( parlando, gesproken tekst ) Refrein allen met Monique. (op de wize fan LAAT ME fan Ramses Shaffy)
Yn Warkum bin ik lang lyn berne It stedsje yn dat skoane ljocht. En mei al dy freonen dy't dêr wennen hienen we dei en nacht sa'n nocht. By de Slús en yn 't Soal nei't Strân swommen we faak mei in soart geraas. Nea sil'k ferjitte dy hechte bân fan freonskip en gjin ien de baas. Refrein NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN Myn freonen sil ik net ferjitte, want wa't my leaf is, bliuwt my leaf. En wêr't hja wenje koe ik witte, mar 'k ferlear se faak alhiel út 't each. Ik sil se fêst noch wolris moetsje, miskien fan 'e jûn of takomme jier. Mei smok en trien sil'k se begroetsje en prate oer no en oer eartiids Refrein NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN En ea sil ik noch wolris stjerre, Dêr kom ik wier net ûnder wei. Mar 't kin myn tinzen net bedjerre en 'k bliuw salang 't kin by de dei. It tinken oan myn jonges (fankes) tiid, wylst strune lâns Dolte en yn 't fjild, makket my altyd wer o, sa bliid, en is my mear wurdich as al myn jild.
NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN NEA WER, NEA WER, NEA WER HA WY SA'N WILLE HÂN NEA WER, NEA WER GIET DAT SA MAR ÚT MYN FERSTÂN
11. Afronding door Frank en Henk.
12. Warkumer Folksliet Harry orgel, Siebe trompet en Monique zang. Monique 1 en 3 solo, allen 2 en 4
Dêr tusken mar en greiden, dêr leit ús âlde stêd. By feart, by poel en reiden, dêr fret it fee him sêd. O, stedsje fan myn dreamen, wat leist dêr moai en frij. } Do bliuwst yn al myn tinzen, } 2 x do bliuwst in diel fan my. }
Wêr't iens de Wimerts streamde, yn skaad fan beamtegrien. Wêr't Grutte Pier iens libbe, wat is dat lang ferlyn. En wêr't de stoarmen brieken, o, âlde stêd, op dy. } Do bliuwst yn al myn tinzen, } 2 x do bliuwst in diel fan my. }
Wêr't ienris weagen rôlen, al oer it âlde strân. Dêr rint no fee te weidzjen, dêr is no bou en lân. Wêr't ienris fiskers foeren, op dy, o see, sa wiid. } Dêr buorkje no de boeren, } 2 x 't Is al ferline tiid. }
Dêr tusken mar en greiden, dêr leit ús âlde stêd. By feart, by poel, by reiden, dêr fret it fee him sêd. o stedsje fan myn dreamen, wat leist dêr moai en frij. } Do bliuwst yn al myn tinzen, } 2 x ik tink altyd oan dy }
13. ‘Rondeau’ - Jean J . Mouret Siebe trompet en Harry orgel. (tijdens het “Rondeau” kan een ieder zich naar het informele gedeelte en tevens slot van de avond begeven voor een hapje en een drankje en wordt de mogelijkheid geboden het boek aan te schaffen.)
Algehele leiding en tekst liedjes : Frank Dijkstra Orgel, Piano en arrangementen/toonzetting : Harry Mast Mezzo-sopraan : Monique Topeeters, Trompet : Siebe Bokma
<< Terug
|