04 - 11 - 2009 - Zelle
Dûmny Zelle; in fanatyk sporter, in Spartaansk libjende man, in man dy’t him troch gjinien twinge liet, fiere famylje fan Mata Hari. As Zelle preke dan fieldest datst neat mear yn te bringen hiest... Men wist: hjir stiet de dûmny. In foarstelling oer in aparte dûmny, mar ek oer in akteur, Freark Smink, dy’t yn de hûd fan dizze Zelle krûpt en witte wol wat dizze dûmny no krekt sein hat. En ek hoe’t it leauwe fan de akteur him yn de rin fan syn libben ûntwikkele hat. Smink makket dizze foarstelling mei in tige belutsen ploech. Want ast Zelle ien kear sjoen hast lit dy man dy net mear los. Muzikant Hoite Pruiksma hat as 14-jierrige jonge Zelle noch op it tsjerkoargel begelaat. Dramaturch Gooizen Eenling hat Zelle preekjen sjoen. Zelle libbe fan 1907 oant 1983. Hy is berne yn Ljouwert en dêr ek stoarn. Hy wie sân jier dûmny yn Rockanje. Dêr foar en dêr nei preke hy oeral dêr’t er mar frege waard; soms wol fiif kear op in snein. Simmers, yn ’e koarte broek op de fyts derhinne. In echte preektiger. Op de preekstoel groeide er út ta in tongerjende preker oer hel en ferdommenis. De tsjerken sieten grôtfol. Hy preke mei in lûd oerhearskjende stim en as hy song, koest it oargel amper mear hearre. In hiel aparte dûmny!
Datum : Freed 6 en Sneon 7 novimber 2009 Plak : De Klameare te Warkum Oanfang : 20.15 oere Tagong : € 15,00 / Freonen fan Tryater / 65+ € 13,50 Foarverkeap : www.nutworkum.nl en/of Het Boekhuis
<< Terug
|