12 - 10 - 2014 - Tryater – In Leafde
Tryater – In Leafde Frysk Toaniel Zaterdag 25 oktober, aanvang 20.15 uur
Zaterdag 25 oktober heeft St. Cultureel NUT Workum het Friestalige toneelstuk 'In Leafde' van Tryater op het programma staan.
Tryater spilet de toanielferzje fan The bridges of Madison County. Noch net earder waard it ferhaal op toaniel ferteld en dêrmei hat Tryater de wrâldpremjêre.
Werom yn it hûs fan harren jeugd op it plattelân ûntdekke broer en sus in ûngewoan leafdesferhaal. Oan de âlde keukentafel, djip yn de nacht, reitsje Michael en Caroline hieltyd fierder ferdjippe yn it libben fan harren mem. Har grutte geheim, in romantyske leafdesrelaasje yn har houlik, komt boppe tafel.
Natuerfotograaf Robert Kincaid, ‘de lêste cowboy’, reizget nei it plattelân om de oerkape brêgen te fotografearjen dy’t de provinsje Madison sa ferneamd meitsje.
Hy moetet Francesca Johnson. Man en bern binne in midwike fuort en se is allinne thús. Fan dat momint ôf bloeit der in leafde op dy’t sterker is as sy beide oait foar mooglik hâlden hiene.
Michael en Caroline wurde konfrontearre mei de pynlike fraach oft wy de minsken dy’t ús nei stean eins wol echt kenne. Beide bern raffelje in leafde dy't alles te boppe giet út inoar en jouwe it in plak yn de rasjonele wrâld fan hjoed-de-dei dêr’t minsken net maklik mear leauwe yn magy. Tryater nimt it publyk mei yn in ferhaal oer langstme, dreamen en romantyk, en realiteit en opoffering.
Tryater – Frysk toaniel Programma: In Leafde St. Cultureel Centrum de Klameare Skil 6A 8711CN Workum Aanvangstijd 20.15 uur Kaarten € 14,00 per stuk Donateurs, freonen van Tryater en 65+ € 12,00 Jeugd tot 18 jaar € 10,00
Kaarten te reserveren via www.nutworkum.nl
<< Terug
|