02 - 04 - 2014 - Toanielfoarstelling Skjin Skip op tournee troch Fryslân
Toanielfoarstelling Skjin Skip op tournee troch Fryslân Mei: Piter Wilkens, Anja Steegstra en Johannes Arendz
De Toanielfoarstelling Skjin Skip makket yn maart, april en maaie in tour troch Fryslân op Teaterskip Bald’r. Op 28 maart is yn Grou de premjêre hâlden. Skjin Skip is skreaun troch Anja Steegstra (tekst) en Piter Wilkens (muzyk). Nei de premjêre giet de foarstelling op tournee troch hiel Fryslân en sil it teaterskip yn ferskate plakken lizze, werûnder Warkum (24 april) en Warns (26 april). Yn totaal binne der 17 foarstellings yn 15 plakken. Ynformaasje oer lokaasjes en kaartferkeap: www.skjinskip.nl. De premjêre is útferkocht.
 Foto: Coby Bandstra
<< Terug
|