01 - 12 - 2013 - Warkums agrarysk erfskip

Petear by in foto
Sijbe Postma waerd berne op 13.12.1893 yn Nijhuzum, op ‘Kaap de Goede Hoop’ sei er wolris om krekter to wêzen as der nei frege waerd.
Hy wie in soan fan Klaes Bonnes Postma en Neeltje Roosjen dy ’t dêrre oare kant de Grouns buorken earne tusken East- en West-Ynje yn.
Oer dizze Klaes Bonnes giet yn ’e famylje it forhael dat er in hynsder hawn hat, dat allinnich in lege wein lûke woe. Moast er oansette foar in ladene wein dan gie er der by lizzen. Dat noaske Klaesboer net. Hy frege in buorman oft dy mei syn hynsder komme woe.
‘Hy sil lûke of hy sil stjerre’, sei er en spande it dier foar in folle wein. Doe ’t it hynsder yn de rekken krige dat de bealch derop moast, gie it der by lizzen. Klaes hie al in lang stik tou ré lein dêr ’t oan de ein in strop oanmakke wie. Dy krige de dwerskop stiif om ’e strôtte, mar by it lûken mocht de boel net alhiel toknipe, dan soe de tsintwegerer daliks smoare; hy krige in kâns.
Klaes krige de leije, sile buormans guds tusken de stringen foar it lizzende hynsder en heakke it stroptou oan de sile. Koart klonk: ‘fuort’, folge fan in tikje mei de leije. Buormans hoars sette oan. Doe ’t de tsjinstwegerer foar de geast krige dat er nei gichem gean soe, waerd er rillegau in ‘spytoptant’.
Nei de skoallejierren kaem Sijbe by in boer yn it wurk, lykas safolle jonges en fammen fan syn jierren. Doe ’t er op 11 maeije 1917 de lange hier oangie mei Grietje Yntema (* 4.8.1894) setten hja harren nei buorkjen op in foech koumelkerij oan de Lange Leane, deun njonken en tsjin de spoaroergong oan tusken Hylpen en Warkum; nou ûnder nûmer 18 dêrre bikend.
Mar it lot wierre de húshâlding net mei. De crisis fan ’29 yn Amearika makke de hiele wrâld oerstjûr. Stadichoan sipere dy ek Jeropa, Nederlân, Fryslân yn.
Sijbe, boer yn ieren en sinen, koe him de bealch stikken wrotte, hy koe – lykas sa folle oaren yn dy jierren – op in stuit de hier net mear meitsje.
It spul kaem op buorden. En de húshâlding kaem, it sil likernôch 1931 west hawwe, op Snakkerburren 5, it hûs dêr ’t letter Sjirkje Hoekstra, bolkoerrinster, wenne.
Mei help fan in pear goedmienende (fé)keaplju, ûnder hwa Evert Zijlstra, dy ’t ôfpraet hiene om de prizen leech to hâlden, slagge it om út syn eigen boelguod in pear bisten, hwat ark en reau to keapjen, sadat er op ’e nij bigjinne koe. Dy bisten kamen op ’e stâl yn it noch altiid bisteande bûthús efter Súd 29, dêr ’t doe in Kuipers wenne.
Op 1 maert 1934 forstoar syn frou, noch mar 39 jier âld op Snakkerburren.
Yn ’e oarloch (1941, neffens it bifolkingsregister) kaem de húshâlding to wenjen yn de Begine, op nûmer 27, efter yn de stege oan ’e opfeart, dy ’t fan it ‘Nije Paedsje’ ôf nei de pleats fan Haytema en fierder roun om by timmerman Wouda wer yn de Dolte to kommen.
Letter kocht er Begine nûmer 12, dêr ’t syn skoanâlden Kees en Martsje Yntema wennen. Martsje, Grifformeard opbrocht, hie der in winkeltsje yn tsiis en bûter. Kees, Minnist fan komôf, wie fékeapman. Yn de deistige húshâlding libben hja, lykas yn de saken, skieden. Elts makke syn eigen iten ré. Der wie ek in lyts bûthús efter. It hea moast fan de Begine út opstutsen en troch in lûk oer de hûssouder, dêr ’t de slieperij wie, nei efteren brocht wurde. Hast oant syn dea ta hat Sijbe Postma mei syn pûrbêste húshâldster ‘tante Bet’ op dat sté wenne.
Sûnt likernôch 1946, doe is dizze foto makke, hie Cees M. van den Akker him tusken de Parallelwei en de Horsae in kampke greide biskikber steld, tsjin it stasjon oer deun neist it Stasjonskofjehûs fan Lümer (café Spoarsicht).
Dit stik, dat bikend wie as ‘it djippe gat’, wie nei alle bitinken ûntstien by de oanliz fan it spoar tusken Snits en Starum yn it lêste fearn fan de 19e ieu. Yn de rin fan de jierren wie it fan de Van den Akkers, dy ’t it opsichtershûs fan it spoar ta koumelkerij omtsjoend hienen, mei slatmodder, snileguod, hekkelseadden en rûge dong ta ridlik tierige greide oanmakke.
Dêr waerd, ûnder in pear bitingsten, in houten bûthús mei betonnen ûnderbou op setten, dêr ’t de kij - dy ’t op forskate plakken, yn It Heidenskip weiden, bygelyks yn de Kolmer op likernôch njoggen hectare tichteby de Alddyk - har plak krigen.
Moast er mei it hynsder nei dat stik lân ta, dan gie er gauris mei de pream. Dan moast er wol ûnder it lege spoarpypke troch, mar dat waerd oplost troch it hynsder mei de kont nei it pypke ta yn de pream to setten, sadat it net fan it brêchje skrikke koe. Flak foar ’t de pream ûnder it pypke troch soe, sett’ er it hynsder in ammerke mei foer foar. Dat die de holle dan wol omdel en dan as de wearlich der ûnder troch.
Wopke Bruinsma, de yn ús omkriten tige bikende striker, hie ek njonken it spoar in stik lân. Yn de ûngetiid skewielden beide manlju - buorlju dêrre dus - inoar wol. Omt Sijbe doe al pleage waerd fan nearboarstigens – en dat is yn ’e rin fan de jierren hieltiid slimmer oanboaze - naem er wolris efkes lins yn in reak of opper hea. Wie Wopke yn de buert dan joech dy him dêr ek del, helle syn krúske foar ’t ljocht, preuvele hwat en stadichoan saksearre de nearens dan.
Dat krúske wie ea troch paus Pius IX yn likernôch 1867 útrikt oan Wopke syn heit, Foppe Wopkes Bruinsma, ien fan de 11 Warkumers dy ’t pauslik soldaet yn it regimint Zouaven west hat. Hja fjochten tsjin de troepen fan Guiseppe Garibaldi, de Italjaenske frijheitsstrider dy ’t mei stipe fan kening Victor Emanuel fan Sardinië en oaren, it Vaticaan ûnderdiel meitsje woe fan ien great Itaelje. Dat is der úteinliks ek fan kommen.
Mar de slach by Mentana (3.11.1867), in stêdsje likernôch tweintich kilometer noardeastlik fan Rome, dêr ’t Wopke syn heit ek yn mei fjochte, forlearen de ‘Roodhemden’ sa ’t se ek neamd waerden neffens de reade kilen dy ’t de Garibaldisten ornaris oanhienen.
As tank krigen dy Zouaven in medalje, dat krúske, dat de paus, de Hillige Fader, sels op it boarst fan syn soldaten, ûnder hwa dus Foppe Wopkes, spjelde hie, nei ’t er al dy medaljes earst seinige hie mei wijwetter en wijreek. Dy medalje is noch altiid yn Warkum, by de pakesizzer, teffens genamt, fan Wopke Bruinsma.
Yn de oarloch waerd op in dei soan Kees, troud mei Tetsje de Jong en wenjend op it Noard yn it earste hûs yn de Stuerstege, oppakt fan in Starumer plysje. Dy hâldde him oan en frege hwat der yn de sek siet dy ’t Kees by him hie. ‘Kleanguod’, wie it antwurd. Mar de Hermandad wie erchtinkend, de sek moast iepen. Der siet in flues yn fan in slûkslachte skiep dat er nei de fellebleater Tjeerde bringe soe om in grypsteheal stûr to fortsjinjen. Mei nei it bureau yn Starum en in pear dagen letter kaem it birjocht Kees wie nei Ljouwert brocht.
Sijbe seach it swurk al driuwen, mar gie nei de Warkumer plysje Kelderhuis om rie. Dy tocht, it wie it bêste om mar nei Ljouwert ta en dan moast er nei dy en dy rjochter freegje. Sa sein, sa dien. Dy harke nei de fan senior ynbrochte biswieren: earmoede yn ’e hûs, en net misse kinne by it lânwurk, ensafh. Syn referaet die fortuten. Kees kaem nei likernôch in wike mei de skrik frij en heit en soan stapten togearre tige forromme yn Warkum út de trein.
Nei de oarloch ’40-’45 buorke Sijbe Postma stûf en stadich foarút. Der kaem (mei help fan syn jonges) in stik njonken it lytse bûthús, dêr ’t in pear hynsders stâlje koenen. Wer letter waerd dy útwreiding sloopt en sette syn skoansoan Anne de Jager, timmerman/oannimmer, heaks op de foarein – yn mitselwurk - in ‘wjuk’ mei plak foar 10 kij, mei njonken de syddoar oan wjerskanten fan de mielgong in hynstestâl. Tagelyk mei dizze oanbou waerd de foargevel fan it al bisteande bûthús yn mitselwurk útfierd. It sil yn dyselde snuorje west ha, dat de efter de ‘wjuk’ lizzende strie-, heaberch, yn hout, swart tarre, útfierd waerd, mei sinken golfplaten op it dak. Byneed koe der in hynstestâl yn makke wurde, bygelyks as de merje smite moast. Sa komt it spul op de loftfoto fan likernôch 1950 foar, dy ’t fan it fabryk makke is doe ’t it 50-jierrich bestean dêrfan bitocht waerd.
As it op kij oankaem, wie er tige sinnich. In kou moast molke jaen en oars gie er fuort. Hy hat in kou hawn dy ’t sa ’n great jaer hie, dat er foar it melken derfan in tobbe brûkte, hwant in amer passe der net ûnder.
Njonken kij hie er in protte nocht oan it Fryske hynsteskaei, lykas syn ‘lânhearre’ en buorman Van den Akker, fokker fan Ritske 202P, dat hie.
Syn eigen span Woltsje en Frida wie op mannich tugerij in tsjinstanner om rekken mei to hâlden. Ienris hat er in brune ‘boppelanner’ hawn, dy ’t – hiel eigenaerdich – in splishoef hie, lykas in kou. Neffens ynformaesje hat er der ek mei op tugerijen west. It bist wie bikend as de Snelle, itjinge eat seit oer yn alle gefallen ien fan syn kwaliteiten. Sietze Molenaar bisloech dizze hoef mei in spésjael iisder.
Gauris kocht er hjerstmis in trijejierrige Fries op ’e Jouster merke. De nijkeap waerd thús daliks foar de wein slein om yn Gaest biten en bitekrûden op to heljen. Hinne wie it dier, fansels yn de losse sile, wolris hwat oerémis, skrikkerich en steech. Mar op de weromreis mei de folle wein op ’e hakken hie er gauwernôch syn bikomst en wist er hoe let it wie.
By it ringriden woun er nochris in goudene swipe mei as stekster njonken him yn de seas in pakesizzer, genamt fan syn jong forstoarne frou Grietje.
Dy leafde foar it (Fryske) hynsder siet – en sit - djip yn it bloed fan de Postma’s.
Soan Klaas waerd mei de legindaryske Fryske rún Ulco sawn kear kampioen fan Nederlân! Douwe (fan 1925!) pielt op ‘it Strân’ noch altiid mei hynsders. Pakesizzer en genamt Sijbe Postma - fan Kees en Tetsje - waerd mei Harmen kampioen fan Nederlân; dy syn sydsulver Hennie yn de frouljusrubryk ek en, hwat in merakel, harren dûbelspan krige yn datselde jier ek de nasjonale sjerp mei nei Koufurderrige, dêr ’t hja buorken.
Doe ’t bigjin ’70 de kij fuort gienen, kamen der barten oer de groppen. De romte tusken de hoarndiersketten waerd ôfskoattele mei houtene hikken. Yn dy hokken kamen spallingen dy ’t er opfokte foar de slacht. Op in mei gazen hikken ôfskoattele stâl hâldd’ er in keppel hinnen, dy ’t troch in gat yn de gevel sels nei bûten – en der yn - komme koenen.
Hast oant op it lêst ta tufte er eltse dei op de ploffyts nei de Parallelwei om yn it stadichoan nearzich wurden spultsje syn bisten har gerak to jaen.
Syn lêste Fryske merje, Woltsje, dy ’t ek wol mei Ulco yn it span roun, forkocht er oan Siemensma yn Eksmoarre.
Mar der bleau ien hynsder op ’e stâl: Gonny, de modelmerje (heit Ritske 202P) fan syn freon Herre Dykstra, dy ’t yn 1974 op de fokdei fan it Fryske Hynsder yn Blauhûs kampioen by de modelmerjes waerd en teffens Algemien kampioen.
Doe ’t Sijbe dy kostgonger foar ’t earst troch syn homeije kommen seach, sei er: ‘Bliksem, Herre, dit is hwat oars as dy hazzewynhounen fan Hofstee’; op dat stuit it kampioensspan fan Nederlân.
Ek hie er noch in blau moandei de Fryske merje Dike fan Sjoerd Vlas op ’e stâl. Dy wie net al to noflik. By it mjuksjen op stâl sloech er gauris nei de gripe en by it deistich brûken wie er steech. Nei ’t in kommisje fan it Stamboek Vlas syn kleilieten oanheard hie, waerd de merje foar de tilbry spand. Op it ‘djippe gat’ moast Herre Dykstra as rider ûnder taforsjoch fan de kommisje har it ‘examen’ ôfnimme. Dat gie net alhiel sûnder tûkelteammen. It slot fan it forhael wie dat de keap ûngedien makke wurde koe. It nuveraerdige oan dizze merje wie dat dy in greate boarstelige knevel op ’e boppelippe hie. Dat is in skaeimerk dat tsjintwurdich net (folle) mear foarkomt.
Yn maert 1975 rekke Sijbe Postma troch in krupsje nei de Finke yn Kâldum.
It buorkjen wie út.
De lêste bitingst fan de oerienkomst mei Van den Akker – it skjin en himmel opleverjen fan it terrein – moast neikommen wurde.
Dy iere maeitiid op in moaije, suver wynstille dei stienen op in middei Anne de Jager, in pear opslûpen pakesizzers en manlju fan de brânwacht – om de boel yn de gaten to hâlden, hwant it suvelfabryk en it café stiene ommers tige nei oan - tusken de homeijepealtjes, of itjinge der fan oer wie, nei it al heal neakene en fortutearzge spultsje to sjen. De dakpannen wienen der ôfhelle; en nou de ‘reade hoanne’ der ynjage.
Op ’e yn de rin fan de jierren mei gâns pún forhurde reed seagen de manlju, elts mei eigen oantinkens en tinzen, al gau de longerjende flammen as diggelfjûr oer en troch it wrakke tek brekken. Yn in ommesjoch wie it bûthús plat, útsein inkele swart rikke stikken muorre, en bleau der noch in heapke rikjende toskroeide planken en balken lizzen. In pear dagen letter kaem der in kraen, dy ’t regaed makke mei noch oereinsteande muorren, stekken, hokken en de founeminten. De brot waerd mei frachtwein en karre nei de jiskepôlle brocht. De kreas sljochte swarte ierde waerd ynsiedde mei gêrssied.
It nije gêrs stie dêr in foech tomme heech doe ’t Sijbe Postma op 12 (âlde) maeije datselde jier 1975 yn it sikehûs yn Snits de holle foargoed dellei.
<< Terug
|