17 - 11 - 2013 - Tryater – In moaie jûn
 Zaterdag 30 november heeft St. Cultureel NUT Workum het Friestalige toneelstuk 'In moaie jûn' van Tryater op het programma staan. De voorstelling kreeg uitstekende recensies in zowel de Leeuwarder Courant als in het Friesch Dagblad.
"Annelys fiert foar it earst sûnt har skieding Sinteklaas. Yn har âlderlik hûs, mei har heit en har soantsje, dy’t noch oan Sinteklaas leaut. It liket in moaie jûn te wurden: De heit sil foar Sinteklaas spylje en twa stúdzjefreonen fan Annelys komme ek gesellich lâns. Al gau docht bliken dat se alle fjouwer dwaande binne harren libben in nije rjochting te jaan.
Allegear wolle se fierder of tinke se fierder te moatten. Allinne, hoe witte je dat je fierder geane en net achterút?
De personaazjes binne hiel werkenbere minsken. Ien ding ha se gelyk: se binne op ‘e syk nei gelok en wurdearring en ha dêrom de wil om te feroarjen.
Dizze syktocht, mei alle hobbels dy't der by nommen wurde moatte, foarmet de basis foar sawol pynlik werkenbere, as hilaryske tafrelen.
Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater, hat mei In moaie jûn har earste jûnfoljende stik skreaun. Ira beskriuwt sitewaasjes rjocht út it libben en sjocht der mei humor nei." Zaterdag 30 november, aanvang 20.15 uur
<< Terug
|