11 - 09 - 2013 - Vera van der Zee wint wedstrijd
KFNP-riedslid Riemkje Hoogland hat juster de winner fan de kleurwedstriid 'De lêste Fryske basisskoalle' útrikt oan Vera van der Zee, learlinge fan groep 4 fan cbs De Finne yn Ferwâlde. Begjin 2013 stie de learlingennoarm foar basisskoallen ynienen ûnder druk. Ut it neat kaam in advys om basisskoallen mei minder as 100 learlingen te sluten. Dat soe it ein betsjutte foar tsientallen skoallen op it Fryske plattelân en yn stedswiken en hjirmei soe de leefberens yn dizze mienskippen in enoarme knau krije. FNP Súdwest-Fryslân hat doe daliks besluten fia in ludike aksje oandacht te freegjen foar dizze problematyk, troch it fersprieden fan in fraaie kleurplaat/poster makke troch Tomke-tekener Luuk Klazenga. Op de plaat is de lêste Fryske basisskoalle' te sjen. Yn alle hoeken en gatten sitte, steane of bewege skoalbern, want elkenien moat der yn. Lokkich giet it noch net sa mâl op cbs De Finne fan Ferwâlde dy't op dit stuit 31 learlingen hat dy't allegear by it feestlik barren wiene. De bern binne mar wat wiis mei barren lytse skoalle en koene dat ek goed útlizze! Vera van der Zee hie neffens de juery de moaiste kleurplaat makke. Fan FNP-riedslid en Tomke skriuwster Riemkje Hoogland krige Vera in moaie Fryske rechtas mei ynhâld. Dêrby hearde ek in echte oarkonde! De oare ynstoerders krigen ek in aardichheidsje. Foar alle 31 bern en learkrêften wie der wat lekkers. De skoalle krige de kleurplaat om yn in moaie list oan de wand to hingjen. Frou Hoogland: "Fryslân mei allinne hiele grutte basisskoallen is neffens de FNP ûntinkber. We binne bliid dat de steatssiktaris dat advys no net oernommen hat, ús aksje hat fertuten dien."
<< Terug
|