18 - 06 - 2013 - Oantinkenfestival
Yn de earste wike fan july komt wer in protte folk fan utens op Warkum del. Ek dit jier stiet dan de Warkumer flagge op de toer ta gelegenheid fan de Ald-Warkumerdagen. Wat sykje al dy lju dan doch yn dat stedsje dêr tusken de marren yn 'e Súdwesthoeke? Hja komme byinoar om te fergaderjen, lekker te iten, mei de boat de marren op, mar boppe-al om mei inoar har tinzen gean te litten oer eardere tiden, doe't se noch jong wienen en ûnskuldich, en hoe't Warkum en omkriten der doedestiids hinne lei en wa't der wennen. Alwer hast tsien jier lyn waard der in lyts groepke Ald-Warkumers warber op ynspiraasje fan de romrofte rubryk yn de lokale Friso-krante, neamd Fyftich Jier Lyn (FJL). By it waarme jûnsmiel yn de Klameare wisten hja mei âlde films, lieten en teksten oantinkens oan har jonges tiid op te heljen. Soks joech faak safolle opskuor en weemoedigens, dat der de oare deis op de boat noch lang oer neipraat waard. Fyftich jier lyn dat gong doe yn it begjin dus oer de fyftiger jierren, noch net sa lang nei de oarloch, doe't der fan alles barde yn 'e wrâld en sa ek yn Warkum. It wienen bygelyks oantinkens oan de winkels en winkelmannen en froulju mei har klandyzje, oan jierlikse feesten mei optochten en sierweinen en de avondvierdaagse, oan al dy skoallen fan bewaarskoalle oant de mulo ta, oan it âlde stasjon by de nije bûterfabryk en oan de plakjes foar opslûpte jonges en fankes yn de Tillefonne stege en fierder efter de Makkumerdyk. In ryk patroan fan oantinkens spriek út de markante columns fan Cor Hunia, de âlde, bytiden tige oandwaanlike filmkes fan Andries Vlas silger, letter de nijsgjirrige fotoreportaazjes fan Henk Gorter en dan no de lêste jierren de ûnferjitlike muzyk op piano en oargel fan Harry Mast. It waard oaninoar praat troch Frank Dijkstra en sa belibben wy wer dy tiid, doe't we fan alles foar 't earst belibben. Foar ús, Cor, Henk, Harry en Frank, is no dy tiid ek alwer foarby. Foar de lêste kear wolle wy nochris op de lêste tsien jier Ald-Warkumer dagen werom sjen. Mei in optreden middeis op 2 july fan fiif oant seis oere (nei de iepenings gearkomst en foar it jûnsmiel) yn de Gruttsjerke. Mei foto's en sjonge by muzyk op piano en it manjefike oargel en praatsjes oer ûnthâlde en ferjitte, oer leafde en leauwe, oer Warkumers en Warkum eartiids sels fansels. Mar ek mei in oprop oan de nije generaasje fan jongere Ald-Warkumers dy't fan alles fertelle kinne oer de sechstiger en santiger jierren, doe't de wrâld alwer yngeand feroare en sa ek wer yn Warkum. Elkenien is wolkom om dit Oantinkenfestival by te wenjen, mei te sjongen en mei inoar ús jonges en fankes tiid opnij te belibjen. En it is noch fergees ek.
Cor Hunia Henk Gorter Harry Mast Frank Dijkstra
<< Terug
|