18 - 04 - 2013 - Wonen en werken
Wijk C – faeks is espel ek in goede oantsjutting - omfieme fan likernôch 1809 oant healwei de jierren fyftich fan de 20e ieu it diel fan de stêd Warkum dat bigoun by tsjintwurdich ‘Kruidvat’ en dan súdlik oan it Pypke
 De winkel van S.Boersma |
(fan Simen Boersma, Eelke Postma en tsjintwurdich Jan Weremeus Buning) ta. It is in navenant lytse, de lytste, krite en dat passe moai yn it stribjen fan de foriening Warkums Erfskip om in bigjin to meitsjen mei in stûdzjegroep, wurkgroep of hoe ’t it bistke ek mar hite mei, dy ’t op ’e syk giet nei de forhalen efter de kolleksjestikken fan de foriening. En nei de forhalen fan gewoane ynwenners, dy binne ornaris meast to finen yn it forjitboek. En dat moat oars.
Troch freegjen oan de hjoeddeistige biwenners om forhalen oer harren wenning komme der dochs biten en brokken boppe wetter, dy ’t de skiednis fan de stêd libbener meitsje, in niveau djipper geane, de man yn de strjitte fan de stêd sketse kinne. De idé foar it gearstallen fan sa ’n groep sneupers wie forline jier alris op it aljemint kommen by de ‘werberte’ fan de foriening, dy ’t dochs hwat yn tsjok waer rekke wie. Dat hat dus nou fortuten dien yn in ústalling yn de Waech ûnder de namme ‘Wonen en Werken in Wijk C’. Op de jiergearkomste fan it Erfskip forline wike woansdei joech inisjator, master-sneuper, ponghâlder, Gerrit Twijnstra in lytse taljochting op dizze útstalling, mear noch stie hy stil by it sneupwurk dat oan de risseltaten fan de útstalling foarôfgien wie. Binammen it farske bistjûrslid Engelien Bouma-Gaastra út Balk (hat woartels yn ’e klokslach fan Warkum, pake Arij Gaastra buorke op sathe Catharina yn It Heidenskip en wie ek bistjûrslid fan Warkums Erfskip) hat hjir in triuwende krêft west. As de sprekwurdlike hounegiseler trúnde se de sneupers oan om foar de ‘deadline’ bislein op ’t iis to stean.
It risseltaet, sa die my in dei letter yn de praktyk bliken, kin bêst bisjen lije. Dúdlik wurdt dat der in protte sneuperswurk útfierd is, itjinge opsmiten hat dat fan hast eltse wente bikend wurden is hwa’t der op in stuit wenne hat. Yn it archyf binne nammentlik boekjes/registers - fan 1644 ôf - biwarre bleaun dêr ’t hast elts jier yn opskreaun is hwa ’t de biwenner(s) fan in wente wie(ne). Dat soks ûren tiid kostet, waerd dúdlik út in foto fan in side út sa ’n registerboekje: it liket wol in útlânske tael. Pet ôf foar dy trochsetters. Boppedat binne tige moaije foto’s fan alle wenningen fan dat stikje Súd makke. De skôger kin sa yn in pear stappen it hiele buertsje bylâns rinne. De attributen dy ’t brûkt binne om it buertsje in gesicht to jaen, helpe de skôger sûnder folle muoite nei de tiid doe ’t oerpake noch feint wie en oerbeppe in oantsjitsk frommiske, de muoite wurdich om wurk fan to meitsjen!
It wurket, dat is yn it foarste plak de fortsjinste fan de sneupers en de fotograef. Twad kin it bistjûr greatsk wêze op it risseltaet, dat der kreas forsoarge útsjocht. De offysjele iepening hat dizze krante net birikt. Nei alle bitinken is der yn it kommunikaesjetraject eat heakjen bleaun.
De konklúzje, lytse oanrikkemandaesje: Gean der efkes hinne, as jo kinne. Miskien sjogge jo famylje op foto’s of moetsje jo in persoan dy ’t jo de meaststelde fraech yn Fryslân foarlizze kinne: Wer komme jo wei en fan hwa binne jo dan ien. It soe samar kinne.
<< Terug
|