08 - 10 - 2008 - Eintsje libben, in stik fan Rients Gratama
Op freed 31 oktober spilet Eintsje Libben fan Rients Gratama yn de Klameare yn Warkum. De foarstelling begjint om 20.15 oere. Kaarten binne te krijen Boekhandel het Boekhuis, telefoannûmer 0515-541314. Gratama skreau syn earste echte toanieltekst yn in humoristyske, mar ek tige teatrale en poëtyske taal. Ira Judkovskaja regissearret dizze reisfoarstelling en begeliedt dêrmei Rients yn syn eigen fertelling. Neist Rients Gratama steane Jan Arendz en Alyt Damstra yn Eintsje Libben. Roos van Geffen die de foarmjouwing, Anna Khodorovich de kostúms. Peter Sijbenga skreau de muzyk. Twa mannen ha krekt de frou fan har beiden begroeven. De iene wie mei har troud, de oare hold fan har. De iene wie dirigint, de oare boekhâlder. Se binne freonen, rivalen, needlotgenoaten en soms famylje fan mekoar. Se fertelle harren libben oan in famke. In famke dat krekt op dy dei op ‘e syk is nei in rjochting yn har libben. ‘De iene giet de wrâld yn om wat te sjen, de oare om wat te finen.’ Rients Gratama hat yn de ôfrûne 50 jier in soad skreaun. Fan syn eigen kabaretfoarstellingen kaam sa’n 70% fan syn hân. Mar Eintsje Libben is syn earste echte toanieltekst. It is in tekst wurden mei humor en in protte muzikaliteit. Der sit ritme yn de taal. Rients oer taal: ‘In minsk moat mei taal bliidmoedich omgean as in fûgel mei sjongen.’ Tryater tinget mei Eintsje Libben mei nei Toneel Publieksprijs. Toneelprodusinten wurdt elk jier frege om mei te dwaan mei harren grutte seal produksjes. It is dit seizoen foar it earst dat der in Frysktalige produksje meidocht. Der binne 27 oare produksjes dy’t ek kâns meitsje op de Toneel Publieksprijs. Op spesjale stimjûnen kin it publyk dizze foarstellingen in sifer jaan. Der binne twa stimjûnen de foarstelling. Foar Eintsje Libben is dat op 11 oktober yn It Posthuis Theater op It Hearrenfean en op 16 oktober yn De Kaap yn Starum. Wurdearret it publyk de foarstelling mei in 8,1 of heger, dan wurdt dizze nominearre. Nei nominaasje folget in twadde, online stimronde. Op de webside fan de Toneel Publieksprijs kin it publyk alle nominearre foarstellingen op ‘e nij in wurdearringssifer jaan. De winner wurdt bekend makke tidens it Gala van het Nederlands Theater.
 By Eintsje Libben wurdt in tekstboekje útjûn. It tekstboekje is der kommen yn gearwurking mei De Moanne en wurdt ek mei it blêd meistjoerd nei de abonnees. It publyk fan Eintsje Libben kin it boekje keapje nei ôfrin fan de foarstellingen. Yn it tekstboekje is de tekst fan Rients Gratama yntegraal opnommen. Peter van de Witte, kabaretier en âld learling fan Rients, hat de oersetting op him nommen. Ek de Nederlânske tekst stiet yntegraal yn it boekje.
<< Terug
|