29 - 10 - 2012 - Omke Wanja fan Tryater: in toanieljûn fol sfear en drama
Op sneon 24 novimber spilet de reisfoarstelling Omke Wanja fan Tryater yn De Klameare yn Warkum. Foar kaarten, sjoch op www.nutworkum.nl of belje mei Sig Magazijn vd Velde: 0515-541629. De oanfang fan de foarstelling is 20:15 oere.
Omke Wanja is in bysûnder ryk stik dat Tryater om reden fan de moaie tematyk útsocht hat. Tematyk dy’t werkenber is foar elkenien, benammen om’ t it giet oer echte minsken, mei wiere emoasjes, mar ek mei humor en relativearring. Omke Wanja is famyljestik dat hannelt oer lokkich wêze en sin oan it libben jaan. Hoe kinne mislukke of der júst yn slagje om wat goeds te dwaan mei dyn libben. Ira Judkovskaja makke de foarstelling út it hert: waarm en mankelyk, oer minsken dy’t hiel ticht by ús steane.
Artistyk lieder en regisseur Ira Judkovskaja hat Omke Wanja bewurke. Tidens de repetysjes hie sy – neist de Fryske oersetting fan Romke Toering - ek de oarspronklike Russyske ferzje derby. Sa kaam sy sa ticht mooglik by it wêzen fan de personaazjes, sa’t Tsjechov it bedoeld hat.
It toanielbyld fersterket de yntime, broeierige sfear fan de famylje op it plattelân. Roos van Geffen hat in yngenieus dekor ûntworpen, dêr’t it achterdoek mei in dûbelsidige fotoprint yntegrearre is op it (draai)toaniel en de tún en it hús fan de famylje ‘m troch in draaisysteem stadichoan sjen lit oan it publyk. De kostúms fan Linda Eijssen ûntbleatsje de karakters fan de personaazjes.
De famylje fan Wanja wennet yn in moai âld hûs op it plattelân en libbet in geregeld bestean. Se binne net ryk, mar se ha it goed. It ferhaal begjint as in famyljelid út de stêd nei in skoft wer weromkomt, mei in hiel moaie jonge frou. Elkenien libbet op. Se laitsje, ite, drinke, gûle, meitsje rúzje en brâne fan langstme. Troch de komst fan dizze stedske frou rekket alles yn ûnstjoer; se wolle mear, se wolle oars, se sykje passy. Mar it libben op it plattelân wie dochs altyd goed?
Tryater spilet it stik oant en mei 22 desimber op tal fan plakken yn Fryslân.
Omke Wanja is skreaun troch Anton Tsjechnov en oerset troch Romke Toering. Ira Judkovskaja hat de regy in hannen. Inès Sauer de dramaturgy. Spilers binne Eelco Venema as omke Wanja, Arnold Dijkstra as dokter Astrov, Jan Arendz as de professor, Nynke Heeg as syn frou Helena, Marijke Geertsma as de mem fan Wanja, Aly Bruinsma as de húshâldster en Marit de Weerd as Sonja, it nichtje fan Wanja, de dochter fan de professor. Dekôrûntwerp Roos van Geffen, kostúmûntwerp Linda Eijssen.
<< Terug
|