09 - 10 - 2012 - 14 oktober Reis-Aksje Tresoar
Optredens fan Fryske skriuwers yn Warkumer galeriën en ateliers
Op snein 14 oktober is de tradisjonele Reis-Aksje fan Tresoar as ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske Boek.
De Moanne fan it Fryske Boek rint fan 14 septimber oant en mei 14 oktober; aktiviteiten kinne jo fine op www.moannefanitfryskeboek.nl.
Tidens de Reis-Aksje kinne minsken op fertoan fan it Kadoboek, skreaun troch skriuwer-journalist Sietse de Vries, fergees reizgje mei bus en trein yn Fryslân en mei de treinen fan Arriva ek yn Grinslân.
As minsken útstappe yn Warkum, wurde se mei de toeristetrein te plak brocht yn it sintrum fan Warkum. Besikers kinne it literêre program folgje, mar kinne ek sels op ‘e strún by ateljees en galeriën del.
Tusken twa oere en healwei fiven is der elk healoere wer in nij optreden. De start is om twa oere yn de biblioteek en de ôfsluting is yn it Jopie Huismanmuseum.
Wy soene it hiel moai fine as wy ek Warkumers ferwolkomje meie by dizze optredens. Frije tagong op de lokaasjes.
Oan ‘e ein fan dizze dei is der de mooglikheid om oan te skowen by it Reis-Aksje diner. Foar wa’t dat wol stiet derfoar € 22,50 in Reis-Aksje menu klear (op eigen kosten) yn restaurant ‘It pottebakkershûs’, Merk 18, wat fan te foarren te bestellen is fia www.itpottebakkershus.nl of mei in telefoantsje nei: 0515 541900 (it restaurant).
Mei freonlike groetnis,
Wieke de Haan
Tresoar
058- 789 0 760
w.dehaan@tresoar.nl
14.00 - 14.20 biblioteek, Begine 52 - Sietse deVries lêst foar út Bak
14.30 - 14.50 Galerie Berger - Tryntsje van der Veer- gedichten en lieten
15.00 - 15-20 Atelier Henk de Boer, De halve zwaan, Trekwei 1 - boekpresintaasje Paul van Dijk
15.30 - 15.50 Galerie Ada Stel, Súd 32 - Ferdinand de Jong mei syn nije boek ‘Lêste trúk’
16.00 - 16.20 Popke Popma oer syn nije thriller yn Koch Pottery
16.30 ôfslutend program yn it Jopie Huismanmuseum : priisútrikking sulveren Twicht en Filmpriis; optreden Mindert Wijnstra oer it Mûzehûs en muzyk Frâns Faber
Gids en gasthear tidens de hiele reis is Douwe Kootstra
17.30 - 19.55 Foar wa’t dat wol in Reis-Aksje menu yn restaurant ‘It pottebakkershûs’, Merk 18
<< Terug
|