21 - 06 - 2012 - Spannende relaasjes yn ‘e bibletheek
‘Ferbeane relaasjes’ steane sintraal op ‘e Fryske boekejûn fan de Makkumer bibletheek op freed 29 juny o.s. Klaas Jansma praat mei Willem Schoorstra en Jetske Bilker oer relaasjes dy’t spannender binne as gewoan, omt se geheim bliuwe moatte. Mar binne se dêrmei ek ferbean? Dy fraach kin it publyk ek in miening oer ha, en jaan.
Willem Schoorstra skreau yn 2004 it boek ‘Swarte Ingels’ oer in leafdesrelaasje tusken in broer en in suster. Se hiene in geheime seksuéle ferhâlding. It moai komponearre boek waard tige goed ûntfongen. Schoorstra krige der de Fedde Schurerpriis foar debutanten foar. It boek is as ‘Zwarte Engelen’ ek yn it Nederlânsk útbrocht.
Jetske Bilker skreau datselde jier it boekewikegeskink ‘Oar plak, oare tiid’. De haadpersoan is in frou dy’t in ûnskuldich slipperke tinkt te meitsjen. Mar it pakt oars út. Ek Jetskes boek is oerset yn it Nederlânsk.
Tafallich is dit jier de roman ‘Om Teatske’, dy ’t Klaas Jansma yn 1995 publisearre, omwurke ta iepenloftspul dat spile is yn Ouster Nijegea. ‘Om Teatske’ giet oer de fermoarde eks fan in direkteur. Troch wa, dat is de fraach, net wa ’t skuldich is.
Yn alle trije boeken wurdt iepenhertich en meinimmend skreaun oer erotyk. Mar dizze jûn giet it foaral oer de fraach wat wy yn relaasjes as ferbean beskôgje, en wêrom. Wêr lizze foar de skriuwers en foar de besikers oan dizze jûn de grinzen? En wêrom binne dy sa duorsum?
De jûn oer ‘Spannende relaasjes’ is op freed 29 juny en begjint om 19.30 oere.
Tagong : bibleteekleden gratis; net-leden €10,--.
Oanmelde kin: yn de bibleteek fan Makkum;
oer de tillefoan: 0515-231385 ;
fia de e-mail: bibliotheekmakkum@bswf.nl .
<< Terug
|