26 - 04 - 2012 - ´Tresoar makket Warkumers oer eigen wizer´ in lytse gjalp
Jan Pieter Dykstra
Under dizze titel, lytse gjalp sis mar, rekke tiisdeitejûn op de jiergearkomste fan Warkums Erfskip de hear Theo Kuipers fan Tresoar op 'e tekst oer de mooglik- en ûnmooglikheden dy't Tresoar de sneuper biede kin om yn de skiednis te dollen. Je soene it net sizze, mar it bliek dat yn dit ICT-tiidrek der ek noch ûnmooglikheden binne.
Benammen gie by fia in internetferbining en de laptop oan de hân fan in 'menu' dy mooglikheden bylâns. Jo kinne yn de argiven dêrre in protte fine oer josels, dat is te sizzen oer jo famylje, mar ek de omjouwing dêr 't him dat famyljelibben ffspile hat. It institút Tresoar, in gearrânen fan It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum, de provinsjale bibleteek en it eardere Ryksargyf, hawwe barren besit oan allerhanne registers anderwilens fierhinne op it internet stean. As jo dus goede paadwizers ha, kinne jo to plak komme. Forskate oanwêzigen wienen derom drok mei pinne en papier om syn oanrikkemandaasjes op te skriuwen om it paad te tsjutten yn de almeugend grutte gielguorde dy 't Tresoar eins fan ús skiednis, ús âldfaars erf, is.
De measte fragen binne, neffens de sprekker, oer it ginneraal ôfkomstich fan Iju dy't bar dwaande hâlde mei stambeamûndersyk. De lju ha, sa 't ider kear bliken docht, der in enoarm ferlet fan om nei barren oarsprong, woartels, te sykjen. Werom? Dat left hiel ferskillend. Miskien binne jo nijsgjirrich nei adel of in held yn jo foarteam, of in hiene jo in omke of muioke, pake, oerpake dy't net doge woe? Hie jo pake miskien in auto, faaks is it kenteken en in foto fan it fehikel te linen. Of strûn yn de Ljouwerter Krante nei famylje-adfertinsjes, berjochten oer boelguod hâlden. Fan 1752 ôf sties dy op it inter-net.
No, oer in protte fan dizze saken binne jo by Tresoar op it goede adres. Withoefolle gegevens en dokuminten kinne foar 't Ijocht belle wurde. Sykje jo om Fryske soldaten dy 't yn de fuotprinten fan de lytse Korsikaan, Napoleon Buonaparte, nei Ruslân ôfreizgen? Hoe 't it harren dêrre fergien is? Treosar kin jo helpe. Houliksakten, notarisakten, berteregisters, datsoarte gegevens binne op te sykjen. Dizze jûn bepaalde Kuipers him foar it measte oer itjinge der oer Warkum en Warkumers yn dy elektroanyske gielguorde sit, om de sack mar in bytsje te biheinen. 'Oars sitte wy hjir moarn noch'.
Hy lei wol de Mara op it sytematysk oanpakken fan it sykjen.
Yn it foarste plak moatte jo goed neitinke oer itjinge jo sykje wolle en it doel dat jo mei de gegevens foar eagen stiet. Bring struktuer oan yn jo sykjen. Op 'e dolle rûs op it internet omstrune makket jo earder tipelsinnich as dat jo risseltaat sjen litte kinne.
En by began syn forhaal mei in warskôging: Tink derom dat it internet, Tresoar yn dit gefal ek, jo net sa yn de besnijing kriget dat jo der wekker fan bliuwe of, helte slimmer noch, dat jo der finaal dwylsinnich fan wurde...
Bron: Workumer Krant Friso

Foto: Henk Gorter
<< Terug
|