15 - 11 - 2007 - www.fryskerfskip.nl
Frijwilligers fersette in soad wurk achter de skermen, faak mei leafde en in grutte ynset. Sûnder harren soe in hiele protte kultureel erfgoed net te besjen en te belibjen wêze. De redaksje fan www.fryskerfskip.nl set dêrom eltse moanne in frijwilliger yn it sintsje mei in ynterview op de webside. Wat is syn/har motivaasje om mei de Fryske kultuer en erfgoed dwaande te wêzen? Wat driuwt him/har? De frijwilliger fertelt! Dizze kear komt de hear Jaap Tiedema, learmaster fan de Nijlanner mole yn Warkum, oan ’t wurd. Kom ris del op www.fryskerfskip.nl 

<< Terug
|