21 - 03 - 2012 - Topaaisiker fan It Finster
't wie 15 maart, even oer seizen de jûns, dat meester Jan in grutske Siebe oan de tillefoan krige. Meester, ik ha in Ijipaai fûn." Dat wie fansels in boppeslach, want it wie it earste aaike dit jier fan de skoalle. Siebe wurdt fansels tige lokwinske. Prachtich dat ús bern op dizze wine de kennis opdogge dy't sa nedich is om ús kwetsbere fûgels to beskermjen. Op de foto sjogge we him mei de priis en de oarkonde.
Bron: Workumer Krant Friso

<< Terug
|