05 - 03 - 2012 - Wiebe Sjoerds Bakker, 1932-2012
Wiebe Sjoerds Bakker, 1932-2012
Okkerwyks, om krekter to wêzen op de 11e fan ’e sprokkelmoanne, forstoar yn Warkum nei in skoft fan ôfnimmende sounens Wiebe Sjoerds Bakker, in singeliere Fries mei greate niget oan – en kennis fan - it boerelibben, binammen sa ’t him dat ôfspile oant yn de jierren fyftich, sechstich fan de ôfroune ieu.
Hy waerd berne op de 28e fan ’e heamoanne 1932 yn Dedzjum. Hoewol ’t er it net yn ’e holle hie om boer to wurden, is dat der úteinliks wol fan kommen. Mar foar ’t it safier wie, hat er, nei ’t er nei de skoallejierren dochs as boerefeint bigoun, op forskate wizen de kost fortsjinne, bygelyks as bakker, meunsternimmer foar in molkfabryk, keallemester, by ’t leanbidriuw, kraenmasinist en sels skipper op in sleepboat. Op in stuit koe er yn Tsjalbert op in boerespul komme. Hy bigoun mei fjouwer kij en in keppeltsje bargen. Omt dit foar de húshâlding net in folsleine breawinning opsmiet, wie er oerdeis wol by in treppenfabryk, in timmerbaes of by de gemeente, dêr ’t er op de suveringsynstallaesje wurke. Ek soarge er, nei ’t it tsjerkebistjûr him frege hie, foar it ûnderhâld fan de beammen en strûken op de tsjerkhôven. Yn 1993 forfear er mei syn frou Maaike Hoekstra nei in boerespul op ’e Tynje. Der hie er romte genôch om syn samling boerereau en ark in plakje to jaen en sels út to wreidzjen. In pear jier letter forfearen hja nochris, nou nei Warkum ta, dêr ’t syn heit yn de jierren fyftich buorke op it Súd, nûmer 29. Dy niget oan it âlde boerehantwurk en it sammeljen fan it reau en ark dat dêrby brûkt waerd, brocht him yn contact mei gelikense geasten. Dat resultearre mei op syn oantrunen yn de oprjochting yn 1984 fan de foriening Afron - Agrarisch Friesland Oud en Nieuw, tsjintwurdich ‘de Friese vereniging voor historische landbouw’. Njonken in sit yn it bistjûr, kaem er yn in protte wurkgroepen fan de foriening tolânne. Foar it contactblêd ‘Ark’ hat er withoefolle bydragen en gedichten oer it boerelibben fan eartiids, dat er noch út ûnderfining koe, skreaun en tekene.
Doe ’t dizze foriening 15 jier bistie yn 1999 sammele Eelke Dykstra, in geastessibbe, in foech tritich fan dy forhaeltsjes, gedichten. De foriening joech dy samling yn in kreas boekje út, dat de titel ‘In boerefeint fertelt’ krige. Yn Warkum wie it boekje, rynsk opgnist mei tekeninkjes en foto’s (ek fan oaren), by de skriuwer/dichter to bisetten, mar ek yn de pleatslike SRV-wein fan Eeltsje Westra.
It sil jin gjin nij dwaen dat er yn deselde snuorje dat er yn Warkum to wenjen kaem yn de rounte forsille fan de manlju en froulju, bikend as ‘de Ungetiders’. Op it Strân op it lân fan Wopke Huitema (oan de Slinkewei) demonstrearre dizze ploech jierren oanien op in sneon yn augustus foar in moaije smite folk it âlde ûngetiderswurk – harje, seine meane, mei de fingerbalke meane, opperje, tymje, weidloeije, ensafh.
Op freed de 17e fan ’e sprokkelmoanne waerd Wiebe Sjoerds Bakker, nei in routsjinst yn de St. Gertrudistsjerke, op in boerewein mei yn de losse sile in ymponearjende ‘Bels’ fan Wopke Huitema en teffens biselskippe fan in pear ‘Ungetiders’ yn blauwe seilbokse en baitsje nei syn lêste rêstplak riden op it nije tsjerkhôf, sa ’t de Warkumers sizze.
Requiescat In Pace.
<< Terug
|