22 - 02 - 2012 - Winterwille,iisnocht en mear, in tobeksjoch
Jan Pieter Dykstra
Foar in 11-stêddetocht moat it ornaris frieze dat it ongelet. In pear dagen wie dat it ôfroune tiidrek it gefal, docks wie it gjin hynste-iis wurden. Wiebe Wieling, de opfolger fan Henk Kroes, moast de naesje - al fierhinne de gekte foarby - fortelle dat de redens yn it fet Bitten bliuwe koenen, alteast foar de 11-stedetocht. Spitich, foar binammen de sportive kant fan de saek.
Docks hawwe grease kloften lju op redens oer west; op eigen manneboet de stêdden bylâns -dat is eins wol sa noflik as yn it haem fan de Foriening' - of gewoan in tochtsje oer fearten, marren en puollen makke.
Op de Dolte, om tichteby has to bliuwen, wie nei in pear dagen it iis net al to bêst mear. Greate, djippe skuorren sieten deryn. Sneon-to-middei wiene dy sa fier útsliten, dat it gefaerlik wie. By de Beginebrêge - mei iisnocht in plat rotding foar de strammere en stive riders - waerd op 'e middei tsjin healwei fiven waerm wetter tape by Blomker Groen, dat yn de skuorren en gat-ten getten waerd om to bisykjen der wer in bitroubere baen fan to meitsjen. Niisneamde blomker, Van Dieren (wennet yn it eardere bregewippershûs fan û.o. Nanne Visser), Jan Nauta, de lêste tydlik bineamd to iis-chirurgijn, en oaren hawwe net folle wille oan barren krewearjen bilibbe, omt it snein-to-moarn al teiwaer waerd...
Hoewol 't it dus gjin hynste-iis wurden is, wiene der yn ús omkriten twa kear hynsders op in tsjok (diels fabrisearre) snietek of its yn aksje. Earst op snein 5 febrewaris yn Harich, op it fjild by de manege oan de provinsjale
dyk. In wike letter wie der op sneon 11 febrewaris sûnt Iikernôch 20 jier op it its by de Mekûljes by Hynljippen beljeijerij. Under de dielnimmers wienen ek in pear Warkumers, mei eigen of in oar syn hynsder. Doede Hofman
foto: Koos Haantjes
(net yn Hynljippen) en Henk Dykstra koenen yn Riis net ta de heechste eare komme. En ek de preemje kamen hja net oan ta. Beide bidarren nei de earste omloop yn de B-riderij.
Heidenskipster Lolke Kampen, biselskippe fan syn dochter Sjoeke, mei in trinten dounsjend rank hynsder optuge mei in moai belgereit foar in singeliere Amerikaenske slide, krige yn Harich - en in wike letter yn Hynljippen op 'e nij - de priis foar it moaiste reau; tige fortsjinne. Ja, eins op iensume hichte, sizze de lju dan wolris.
Yn Hynljippen - hastwynstil winterwaer - wie in knoarre folk nei it belslydzjen tasetten. Eins tofolle, en dat hie fan gefolgen dat in protte Iju mei harren motoaryske hynstekrêften yn de wurdze stienen op de provinsjale en oare tagongsdiken. By einbislút is in mannichte derfan ek net fierder kommen. Mar, fansels foar de iisclub Hielpen in boppeslach.
Lykas yn Harich wie yn Hynljip pen de priis foar de 11-jierige Fryske merje, de flitspylk Ede-lien -fan Blessum mei de 68-jierrige Jaap van der Weg, Ljouwert, as beljeijer.
Op Harich moete ik Siebe fan Cees en Tetsje (Postma), earder lykas syn heit dat wie - boer oan halt de ein fan de Nonne-
strjitte yn Warkum. Siebe - syn Fryske hynsders waerden alris Nederlânsk kampioen inkelspan en dûbelspan - gie letter nei Koufurderrige op in pleats deun njonken de dyk nei Spannenboarch; syn heit waerd boer op in mânske pleats yn de omkriten fan Follegea.
Cees Postma wie ek in hynstetysker, mar oars as syn heit, Siebe senior, en broer Klaes dy 't mei it âlde skaei pielden, wie by doe mear in man fan 'Boppelanners'. Nammers, syn broer Douwe ûnderwilens al oan de oare kant fan de tachtich(!) pielt op it Strân Hoch altiid mei syn Fryske merje. Yn syn Warkumer did hie Cees in brune(?) merje, mei - tocht ik - de namme Trix. Dy waerd, bihalven foar de concourswein, by 't winter wolris foar de belleslide ynslein. As de winter foarby wie, moast de slide oppakt wurde. En, sa brocht Siebe my dy sneins yn 't sin, dy slide, fan it soarte 'tikker', hat in pear jier (yn de jierren fyftich) yn de Grease Tsjerke op de Merk in plak haven, omt der op it spul oan de Nonnestrjitte gjin gaedlik plak wie. De koster, - en mear nosh hynsteman - Herre Dykstra, wie goekunde fan Cees Postma, dat sadwaende. Wis binne der net Tolle tsjerkegongers dy 't dat ea murken hawwe. De belleslide stie nammentlik yn de oansûgromte fan de waermeluchtkachel. Dizze kelder, yn it restauraesjetiidrek 1939-1951 yn de noarderbeuk dêrta útdold, left in great izeren roaster op. Lykwols, de belle-slide koe der krekt yn, mei hwat hingjen en wierjen. Hy stie ûnder in âld kleed op in pear houtene balkjes, sadat de izers net mei de betonflier yn contact kamen. Doe 't dizze Postma's Warkum farwol seine, is de slide forkoft.
<< Terug
|