17 - 01 - 2012 - Gelok siket de dammer
Piet de Boer naam it freed yn Frans' Hollands Eethuis yn Boalsert op tsjin Piet Bouwhuijsen. Beide dammers fan Boalsert Warkum Kombinaasje spilen sterk, mar in daamslachje fan Piet de Boer levere in houtsje op. Syn oare skiven stienen ek goed en sadwaande koe by de partij nei winst útspylje.
Doe't him frege waard nei it krêftsferskil tusken de beide Pie-ten reagearre by beskeiden: As jo it gelok sykje of it gelok siket jo, dat makket nochal ferskil. Piet de Boer hie Freule Fortuna dus oan syn side.
Sjoerd Postma Bette Age Fol-
kertsma drekt yn in hekstelling en pakte dêrnei ek de goede fjilden om der fan te profitearjen. Doe't Age yn tiidneed began te ruiljen koe Sjoerd twa skiven pakke en de partij winne. Fedde Piet Huitema hie in Iêstige jûn tsjin Sacko. Beide spilers wienen betûft yn it heal iepen klassyk, mar Fedde Piet krekt in bytsje mear. Lolke Huitema belle tsjin Durk de Vries in setsje út. Durk kaam sadwaande in skiff efter en joech drekt op. Auke Koopmans en Sybrand de Groes spilen in moai iepen spul. Troth in driging fan slachjes doarde Auke net daam te heljen, kamp
wie it gefolch. Danny Ruiter fan dat syn tsjinstanner Sjoerd Huitema mar in flauwe iepening hie troth drekt efterút te ruiljen. Yn tiidneed die dizze taktyk lykwols fertuten, Sjoerd pakte de punten.
De ûtslaggen:
A. Koopmans - S. de Groes 1-1, F.P. Huitema - A. Sacko 2-0, P. de Boer - P. Bouwhuijsen 2-0, A. Folkertsma - S. Postma 0-2, L. Huitema - D. de Vries 2-0, S. Huitema - D. Ruiter 2-0.
<< Terug
|