16 - 07 - 2007 - Warkumers klear foar IFKS
De Warkumer sylferiening seit klear te wêzen foar it IFKS-skûtsjesilen. Sy moasten in pear wike lyn ûnferwachts de organisaasje oernimme. Want de kommisje dy't dat oars die, heakke ôf troch twaspjalt mei it bestjoer. Foar de Warkumers is it skûtsjesilen wat nijs, mar ûnderfining mei wedstriden is der genôch. It wie noch in hiele toer om op koarte termyn genôch frijwilligers en in wedstrydlieder te finen. No sneon gean de SKS-skûtsjes los en fjirtjin dagen letter geane de IFKS-skûtsjes los. bron: http://www.omropfryslan.nl
<< Terug
|