05 - 10 - 2011 - Niet kneppelje mar keppelje
Jan Pieter Dykstra
Sneon-to-middei tsjoent de sinne lange skaden op de Merk as der in man oer strjitte panderet yn in swart lekkens pak, hege sidene op - tsjin dwyl wurden fan de sinne, tink, of miskien om mei dizze gleonte foar to kommen dat de harsens koaitsje sil. Sa nou en dan stiet er stil, lit de skille dy ’t er by him hat rinkelje. Falt it lûd stil dan lûkt er de mûle iepen en bigjint mei in stim as in roastige tongerbuoi it nijsgjirrige publyk, dat op de terrassen sit of op strjitte stiet to sjen, to forheljen dat de bus mei folk, artisten en muzikanten op kommende wei is. Nei in hoart arrivearret der in twagudske, in ein, of 2CV, mei in pear utwrydsk klaeide froulju, dy ’t der op it earste gesicht útsjogge as soene hja mei in tsjettel kofje nei de hantsjemieren yn it haeilân ta. En wrachtsjes, yn de Begine is it sonoare lûd fan in dieselbus to biharkjen dy ’t mei fordrach bylâns de tûkelteammen yn dat strjitsje lavearret. In bûnt selskip manlju en froulju komt ta it fehykel út, jong en âld en der tuskenyn. In frommiske op hege hakken mei in fiedel, in akkordeon en der wurdt songen. In pear froulju as in lôge, miskien wol mei as twadde tûke in winkeltsje ûnder de skelk - hwat yn dizze binearjende ekonomyske tiden gjin skande is - fûstkje hjir en dêr mei it publyk. Dan blykt, sa ’t ien fan it reizgersselskip docht to witten, dat it hjir giet om in lânforhuzer, dy ’t noch ienris út Canada wei mei syn neiteam nei syn bertegroun woe. Dat is yn syn gefal de stêd Boalswert. Mar neffens de âld man is de stêd bot foroare. Wer bin ik tolânne kommen, freget er tomûk oan it publyk. De ynformaesje fan syn selskip hat er dus net it measte bitrouwen yn. Bokwerd, wurdt neamd, mar ek Boalswert, faeks om ’e stakker net alhiel fan ’t sintrum to bringen. Nammers, mochten bern en famylje tinke dat er yn syn bernskens is, dan ha hja it mis. Mar hiel Fryslân is rampoai makke, nei de barrebysjes holpen, dat hat er al wol ûnderweis út de bus wei sjoen. Hokfoar âldfrinzige wurden binne dat nou, pake. Dat is fansels net cool, hear. Pake skarrelet mei de rollator nei it sintrum fan de Merk, sil in rede ôfstekke. Dat alteast hat er yn ’e holle. Mar earst op de foto foar it famyljearchyf, fansels. Omke, muoike, miich, de hiele krún fan syn stambeam stiet der proastich op, of net. Ien út publyk giet der ek tusken stean. It kin allegaer yn dit sjongspul. Dan is it safier, de alde kneppeler, hwant hy wie, blykt, der by, dy 16e novimber 1951, klattert in treppen op. Sjocht it hear oer. “Jawis”, klinkt it aerdich fier yn it roun, “wy hawwe der noed foar stien. Foar ús tael, ús kultuer, ús Fryslân. Mar it liket wol oft it dêr ek by bleaun is. Hawwe wy ús doe dy 16e novimber om ’e nocht fan de Hermandad mei de bollepyst koeienearje litten? Hawar, ik bigryp der hjoed net folle mear fan, ik hie faeks better net werom komme moatten. De wrâld draeit fierder, stiet nea stil. It Fryslân fan doe dat haw ik leau ’k yn Canada to lang fêst hâlden. Doe batsten wy deryn. Hat it holpen, dy pear dagen yn de petoet? Ik wit it net. Fryslân is yn elts gefal foroare. Prate jimme noch Frysk? Hat dy Kneppelfreed dan, hearken noch ’n ta, dochs hwat opsmiten? As ik dy snotnoazen hjirre hear hâlde dy harren mei hiel oare dingen dwaende. Keppelje dat makket ien letter forskil út. Ach, dat is miskien ek better. Lykwols, jimme woenen my to fiter hawwe, hwant ik wit bliksemsgoed dat dit net Boalswert is. Mar ik wol eins wol nei hûs ta, ik haw it hjir wol bisjoen”. Ut selskip pakte mei in protte bombaerje yn, klattere yn de bus en fordwoun toeterjend en jûchheijend nei nije wike earne oars om to keppeljen. It publyk gnyske en hantsjeklapte, bimuoide him wer mei bier, kofje, kroket.
Under de Waech gienen de praetmieren fierder mei harren kommintaer op de wrâld.

Zaterdagmiddag verschenen een rode bus en een ‘lelijk eendje’ op de Merk in Workum. Aangemeld door een stadsomroeper werd door een aparte familie, ’de Bildstars’, de verjaardag van de grootvader gevierd. Het basisidee was ‘net kneppelje, mar ferbine en ynspirearje’. Dit naar aanleiding van de herdenking van Kneppelfreed, zestig jaar geleden. Deze herdenking wordt beheerst door ´keppelje´ en niet ´kneppelje´, zoals in 1951 dus. De Friese ziel en taal: wees jezelf. Een fleurige voorstelling met theater, zomaar, midden op straat, voor jong en oud. En de toegang was gratis. Foto Henk Gorter.
Bron: Workumer Krant Friso
<< Terug
|