10 - 05 - 2012 - Cum Grano Salis
Yn 1956 forstoar Jan Bouma yn ’e âldens fan goed 67 jier. Syn hiele libben hast hat er arbeide op it ienris wiidforneamde redensfabryk fan de famylje Nooitgedagt yn Drylst. Njonken redens waerd dêr nammers ek (timmermans)ark en –reau en houten boartersguod makke.
Thús pielde er in protte mei hout. Mar hy mocht der ek graech op út, en dan binammen de natûr yn om to angeljen. Ek syn soan Teake, forline jier hastich forstoarn en postuum útroppen ta winner fan de bearskompetysje 2011 fan de Warkumer fiskclub, sa ’t eaerder yn dizze krante yn it forslach fan de jiergearkomste fan de Warkumer Visclub to lêzen wie, hie aerdichheit oan angeljen. Teake hie jierrenlang de skipshelling (jachtwerf) op It Noard, hast bûten de stêd. Hy koe him njonken syn deistich wurk ek skoan rêdde mei tekenpinnen, potlead en houtfikerij. Yn de Klameare wie in pear jier tobek noch in lytse útstalling fan tekenings to bisjen.
Jan Bouma hie in pear maten dêr ’t er gauris mei út to angeljen gie: winkelman Leo de Vreeze, en bakker Ele de Jong fan Boalsert. De Holle Mar wie gaedlik fiskwetter, mar ek setten hja wolris nei de Ursulapoel yn It Heidenskip ta. Yn dat lêste fiskwetter helle Jan Bouma op in stuit - oft er nou byt hie of net, miskien hie er it sink ek to leech, dat forhellet de stoarje nammentlik net – in greate kaeije boppe wetter. Al gau gie it geroft dat hy ien fan de kaeijen fan it legindaryske Ursulakleaster ophelle hie, dat hie dêr ommers neffens de forhalen by dy poel stien.

 Een bijzonderheid is de beeltenis, men ziet hierin het getal 525 en een kruis, de sleutel omgedraaid laat het getal 252 zien en een kruis.
|
By de iepening koartlyn fan de útstalling ‘Monnikenwerk, Kloosters in Fryslân’, yn it Museum kerkelijke kunst yn Warkum brocht de hjoeddeistige eigner Jouke Bouma, ek in soan fan Jan en bikend as post Jouke, mar ek reedrider, toanielspiler, sjonger, listrinder foar de Fékeuring, en noch oare aktiviteiten, dizze kaeij by de foarsitter fan de Pastoar Janning Stichting, dy ’t dy útstalling yn it museum op priemmen setten hat.
It Ursulakleaster yn It Heidenskip kriget op dy útstalling omtinken. En omt Jouke by de iepening mei it S. Gregorius Magnus manljuskoar sjonge moast, kaem him, doe ’t hy – ‘na gedane arbeid’ - de moaije tekening fan it kleaster seach, dy kaeije yn ’t sin. Jouke nei hûs. Noch foar ’t de lytse iepeningsresepsje foarby wie, wie de kaeije al op de útstalling. Hy hinget oan in gasp, dy ’t Jan Bouma by Tjitte ‘wijnkoop’ van der Werf op ’e kop tikke hat, fortelde Jouke. Dy liket wol op in gasp sa ’t dy ek foarkomt by it Frysk frouljuskostúm. Dy tsjinnet om de bûgeltas oan de seame fan de skelk te heakjen.
De burd fan de kaeije is ek nijsgjirrich, dêr steane sifers yn.
Hoe âld de kaeije is, is net bikend, mar hy is yn elts gefal de sechstich foarby. Hy hat, wier of net, sa ’t dat ek it gefal is mei it kleaster, dochs in plakje krigen yn de útstalling, njonken de waerstien fan St. Ursela, dy ’t ek in plakje taskikt is ûnder it bigryp ‘Cum Grano Salis’en dat kin jilde as (fiskers)latyn foar, de bikende kerl sâlt, dy ’t yn de rin fan de jierren soms útwaechst is ta in hiele slikstien foar kou of hynsder.
<< Terug
|